BOARNSTERHIM gemeente R 1 E DSFOARSTEL Riedsgearkomste 14 desimber 2004 Agindapunt 9 (A-stik) Portefúljehâlder boargemaster Y. Dijkstra Behanneljend amtner M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boamsterhim.nl Underwerp: Tsjinstferbân Griffier Foarstel: 1Wreidzje de oanstelling fan de griffier út mei 10 oeren wyks mei yngong fan 1 jannewaris 2005; 2. stel it delegaasjebeslút fêst neffens de bylage. Ynlieding: It wurkplan fan 'e griffy is troch it presidium fêststeld. Dêr binne yn fêstlein de taken en de om- fang fan 'e griffy. Der is doe besluten ta in folslein tsjinstferbân fan 'e griffier. Dat hat oanlieding west om by it fêststellen fan 'e begrutting 2005 jild dêr foar frij te meitsjen. No moat it rjochts- posisjonele beslút noch nommen wurde. Yn it delegaasjebeslút foar de útfiering fan 'e wurkbetingsten hat de Ried ûnder oaren it ferlienen fan fakânsje en de beslúten omtrint Ontwikkeling, beoardieling, beleanning fan 'e griffier en de meiwurkers fan 'e griffy oan har holden. Yn it presidium is ôfpraat dat dit better oan de foarsitter fan 'e ried delegearre wurde kin, mei de betingst dat it presidium dêr by belutsen wurdt. Arguminten: 1it is útfieren fan it wurkplan Griffy en de yntinsje sa as mei de begrutting 2005 troch de Ried útsprutsen; 2. it is om foar te kommen dat mei soks alle kearen wer opnij in riedsbeslút frege wurde moet. Kanttekenings: Gjin. Der is oerlis west mei: It presidium Finânsjes: Yn 'e begrutting 2005 is foar de oeren-útwreiding jild frijmakke Utfiering: P&O 09. Tsjinstferbân griffier/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 52