BOARNSTERHIM gemeente Delegaasjebeslút útfiering wurkbetingsten gemeente Boarnsterhim foar de griffy. De Ried fan 'e gemeente Boarnsterhim; Sjoen it foarstel fan 14 desimber 2004; Mei omtinken oan kêst 156 en 160, begjin en earste lid ûnder d, fan de Gemeentewet en kêst 1:3a fan de CAR/UWO Boarnsterhim; Beslút it delegaasjebeslút útfiering wurkbetingsten gemeente Boarnsterhim fan 18 febrewaris 2003 te wizigjen en fêst te stellen as hjirûnder. Kêst 1 Oan it kolleezje wurdt it foech delegearre ta it útfieren fan de CAR/UWO gemeente Boarnsterhim en de dêr by hearende neiere regelingen foar de griffier en de meiwurkers fan 'e griffy, op it neifolgjen- de nei: It nimmen fan besluten oangeande de oanstelling, oerpleatsing, tydlike ûntsetting út it amt of it ûntslach fan de griffier en de meiwurkers fan 'e griffy; It fêststellen fan ynstruksjes en tsjinstopdrachten foar de griffier en de meiwurkers fan 'e grif fy; It nimmen fan dissiplinêre maatregels oangeande de griffier en de meiwurkers fan 'e griffy. De tarieding fan dy besluten oangeande de griffier, dy't ta it foech fan de ried bliuwe, wurde út namme fan 'e ried taret troch it presidium. Kêst 2 Oan de foarsitter wurdt it foech delegearre ta: Besluten oer de Ontwikkeling, beoardieling en beleanning fan de griffier en de meiwurkers fan 'e griffy; It jaan fan fakênsje en ferlof oan de griffier en de meiwurkers fan 'e griffy. De foarsitter oerleit mei it presidium oer de tapassing fan dit foech. Kêst 3 De ried machticht de foarsitter foar de griffier en it kolleezje machticht de griffier foar de meiwurkers fan 'e griffy it foech út har namme te fieren foar safier it yn de deistige útfiering fan 'e wurkbe tingsten gebrûklik is. Kêst 4 Dit beslút wurdt fan krêft op 1 jannewaris 2005. Kêst 5 Dit beslút kin oanhelle wurde as Delegaasjebeslút útfiering wurkbetingsten gemeente Boarnsterhim. Sa fêststeld yn 'e iepenbiere riedsgearkomst fan 14 desimber 2004. De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim, de griffier, de foarsitter, (M. Frensel) (Y. Dijkstra) 09. delegaasjebesiút/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 54