Pagina 3 eagen hân, dêr't út keazen wurde koe. De FNP hat al earder omtinken frege om in frijwilli- gersbelieid op te setten, ek fanwegen de ryksbydrage. No is it te let om dêr noch foardiel fan te hawwen. De sosjale aktivearing moat yn stân hâlden wurde mei eigen middels. Sa wienen der noch wol mear mooglikheden west om út kieze te kinnen. No leit alles al fêst. Dochs stimt de FNP yn mei de foarstellen fan it kolleezje. De skoaten strak, giet de FNP wat te fier. It skip soe omslaan kinne. It skip yn de wyn opstjoere is ek net goed, want dan leit it stil. Men kin better mei in knik yn de skoat sile. Dy sit yn de post ûnfersjoen. De stichting Flechte- lingewurk wol de mei FNP 10.000 euro subsidieare. Der binne gjin reaksjes fan de oare partij en kaam alhoewol't de moasje al sa'n wike lyn oan har maild is. As de stichting ophâldt fan bestean, dan sil in berop op it gemeentlik apparaat dien wurde. Der moat ek nei in strukturele oplossing socht wurde foar de jierren dêrnei. De krediten foar it GRP steane noch op de wur- klist fan de kommende gearkomste. Dêrom kin de FNP no net ynstimme mei dit Onderdiel. De tekst is sa: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, op 9 novimber gear oer de begrutting 2005, oerwaagjende dat: Stichting Vluchtelingenwerk al in tal jierren harren reserve oansprekt om de yn Boarnster him festige flechtlingen te advisearjen en te begelieden Yn 2005 de boaiem fan dizze reserve berikt is As der gjin ekstra stipe komt de Stichting Vluchtelingenwerk needsake is om harren aktivi- teiten stop te setten en by need de stifting op te heffen It wurk fan de Stichting Vluchtelingenwerk op dit mêd fan grutte betsjutting is, net yn it minst troch it grutte tal frijwilligers, dat hjirby belutsen is As de stifting net mear funksjonearret de minsken in berop dwaan sille op it gemeentlik apparaat, dat dêr net op berekkene wêze sil; Beslút: de Stichting Vluchtelingenwerk foar 2005 foar ien kear te subsidiearjen mei in bedrach fan 10.000,= en dit te ûntlûken oan de post "Onfoarsjoen" it kolleezje opdracht te jaan om mei Stichting Vluchtelingenwerk te sykjen nei in struktu- riele oplossing foar harren finansjele swierrichheden foar de jierren dernei en giet oer ta de oarder fan de gearkomste". De hear Roorda (PvdA): De PvdA-fraksje kin him fine yn de begrutting. De measte beliedsfjil- den binne dúdlik omskreaun. De finansjele mooglikheden binne lykwols beheind. Der is in ge ringe romte foar nij belied en is dy romte al ynfold. De fraksje freget him óf oft in útwreiding fan de griffiersfunksje ta 32 oeren net genóch wêze soe. Bepaalde taken wurde no ek troch it amtlik apparaat dien. It bystellen fan ambysjes docht pine. Spitich is dat GB net oanjout op hokker beliedsterreinen besunige wurde moat. Binne de besunigingen allegearre wol reëel (de pont en doarpswachten)? Ferwachtet op koarte termyn foarstellen hjiroer om dúdlikheid te krijen. It kolleezje moat de begrutting it oar jier sa krekt mooglik útfiere om problemen foar de takomst te foarkommen. Yn in tiid fan ekonomyske delgong soenen de kwetsbere groepen eins it meast stipe wurde moatte. It is tige spitich dat der gjin budzjet is foar sosjale aktivea ring. De PvdA is it iens mei it CDA om it ûnderwiis in ympuls te jaan. Men soe it miskien ek út de algemiene reserve helje kinne Eigentlik giet it noch mar in ferskil om 26.500 euro, want it ûnderwiis hie al in taakstelling fan 11.500 euro. De stichting Flechtelingewurk hat in protte goed wurk dien. In tal taken bin oergien nei it COA. De moasje fan de FNP hat wol de sympa- ty fan de PvdA, mar it soe better wêze dat it kolleezje mei de stichting om tafel sitten giet om de taakferdieling yn byld te krijen. By de foarjiersnota soe men it ófwage kinne. It jongeren- wurk liket wol hyltyd mear op de achtergrûn te stean. Dat soe net ferstannich wêze, want der komme hyltyd mear jongeren yn de knipe. Kin it kolleezje net in ekstra ynspanning lever- je? De PvdA wol ek it punt fan de riolearing lykas de FNP oant de oare gearkomste útstelle. De PvdA-fraksje giet derfan út dat it kolleezje tige soarchfâldich mei de gefolgen fan de amtli- ke reorganisaasje omgiet. Ferslach 09112004/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 5