BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 14 desimber 2004. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op fersyk fan frou Dekker wurdt besletten om fan agindapunt 10 in B-stik te meitsjen. De troch de VVD yntsjinne moasje oer it fytspaad Grou - Wergea, dieltrajekt Hoflânswei - Tútsebrêge wurdt as agindapunt 17 oan 'e aginda taheakke. Foar it oare konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 9 novimber, 10 novimber Mid. en 17 novimber 2004. Ferslach 9 novimber: konform fêststeld. Ferslach 10 novimber: wizige fêststeld: de oanfolling fan de hear Van der Sluis by punt 4 yn it ferslach yn 'e earste termyn wurdt yn it ferslach opnommen. Ferslach 17 novimber: achtslein op de opmerking fan frou Dekker konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. 6. Foarstel oangeande de beneaming fan de hear J.R. Galama as plakferfangend Mid. riedskommisjelid. Konform fêststeld. Ek is besletten dat it presidium in diskusje tariedt oer de proseduere fan ûndersyk fan geloofsbrieven en oer it berik en de ynterpretaas- je en de dêr oan te ferbinen gefolgen fan itjinge wat dêr oer yn 'e feroardering "Gedragscode bestuurlijke integriteit" opnommen is. 7. Foarstel ta ynstimming mei it "Convenant Herstructuering". WWR Konform fêststeld. 8. Foarstel om it delegaasjebeslút fêst te stellen. Mid. Konform fêststeld. 9. Foarstel oangeande it tsjinstferbân fan de griffier. Mid. Konform fêststeld. Beslutelist 14 desimber 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 72