Pagina 7 folie bart yn de gemeente. Der stiet hiel wat yn de steigers foar Akkrum en Grou. Wat moat der yn de lytsere doarpen barre? De hear Janse (FNP): Men woe û.o. mear huzen yn Jirnsum. It lykwicht is syk en dat kin men by de PB-en yn Aldeboarn, de Legean, Jirnsum heare. De hear Van der Meulen (CDA): Men kin net alles tagelyk. Is bliid mei de stipe fan partijen foar it lokale ûnderwiisbelied. Sil dat earst op papier sette. De hear Janse (FNP): It stiet him by dat de ynsprekker doe sein dat it net yn ien jier hoegde, mar dat it oer de jierren ferspraat wurde koe. De hear Van der Meulen (CDA): Foar útwreiding fan de soarchteams 4.000 euro, skoalle- maatskiplik wurk 15.000 euro, bettere oansluting basisûnderwiis nei fuortset ûnderwiis 3.500 euro, foar de bettere stipe foar dysleksy en oare saken 15.000 euro. As men oer de haadlinen akkoart is, dan soe men yn desimber noch de krekte útwurking besprekke kinne. De hear Hemminga (GB): GB is net sasear negatyf, mar kritysk. It giet úteinlik om jild fan de boargers. De post ûnfersjoen: der wurdt sa mar wer in greep út dien. It is foar saken dy't har yn de rin fan it jier foardogge. GB stiet wol posityf foar beide inisjativen oer. Nei it oerlis mei it ûnderwiis kin it miskien in de rin fan it jier. GB woe leaver yn de ried mei in reaksje op de moasje fan de FNP komme. De hear Bijlsma (FNP): Sa'n reaksje hie ek wolkom west. De hear Hemminga (GB): Men wie benijd nei de besunigingen fan GB. Der binne in protte sa ken doedestiids úthelle. Hy wol fan it kolleezje de tasizzing hoe't de ton fan de pont realiseard wurde kin. Wat foar maatregelen moatte eventueel oanfoljend nommen wurde? De hear Roorda (PvdA): Men moat fansels ek sjen nei de dingen dy't wol realiseard wurde kinne. De wethâlder hat in reedlike hantrekken jûn foar it Flechtelingewurk. De húsfesting is in djoere kostepost fan de stichting en dy soe oanpast wurde kinne. De PvdA-fraksje wol earst ôfwachtsje hoe't it oerlis ferrint. Mefrou Dekker (PvdA): By de foarjiersnota of yn de kommisje? De hear Roorda (PvdA): It liket him logysk dat it fia de kommisje giet. It lokaal ûnderwiisbelied is tige wichtich foar de PvdA en men kin him fine yn it foarstel fan it CDA. It punt fan de dekking bliuwt noch iepen. Men soe miskien yn desimber dêroer prate kinne. Wethâlder Van den Berg: Het college is bezig met de bezuiniging rond de pont. Het is een las tige zaak en dat heeft het college van tevoren aangegeven. De hear Hemminga (GB): As de besuniging fan in ton net realistysk is dan moat men yn de kommisje derop weromkomme. Wethâlder Van den Berg: Men heeft in de commissie besproken dat men dit jaar geen jonge renwerkster zou hebben. In de kadernota wordt het weer aan de orde gesteld. De hear Bijlsma (FNP): Dat hat de ried út de beslutelist fan it kolleezje helle en is der net yn de ried oer praat. Der is doe in fraach oer steld. Ferslach 09112004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9