BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de bûtengewoane gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op freed 17 desimber 2004 om 15.00 oere yn de Buorkerij oan de Buorren 29 te Terherne. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Fice-foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen G. de Jong, J. Gerbrandij en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma en mefrou J. Bouma-van den Brink. Mei kundskip ôfwêzich: de hear H.A. Jonkers jwethêlder), mefrou M.E. Minkes en de hear A.J. de Vries 1lepenje De foarsitter iepent de gearkomste dy't foar him dit kear hiel oars is as normaal wei. Hy hie gjin ynfloed op de aginda. Boargemaster Dijkstra hyt elkenien wolkom en jout dêrnei it wurd oan de fice-foarsitter, de hear Roorda. 2. Wolkomstwurd troch de fice-foarsitter fan de ried, de hear J. Roorda De fice-foarsitter hyt elkenien ek wolkom, mar dêrby yn it bysûnder boargemaster Dijkstra, syn frou, dochter, skoandochter en oare famylje. Hy hat begrepen dat de soan fan de boar gemaster troch wurksumheden yn it bûtenlân net oanwêzich wêze koe. Dêr stiet tsjinoer dat de lytse pakesizzer Ype der wol is. Heet namens de raad en het college de aanwezige collegeleden van de gemeente Zeewolde ook bijzonder welkom. Zeewolde mag zich gelukkig prijzen met de komst van burgemeester Dijkstra. Hij heeft ervoor gezorgd dat de gemeente Boarnsterhim vanaf zijn intrede in 1992 van 17.782 inwoners groeide tot 19.165 met de geboorte van de kleine Ype op 5 november 2004. Yn dizze gearkomste sil troch ried en amtlik apparaat stilstien wurde by it ôfskied fan boar gemaster Dijkstra. De fice-foarsitter kundicht de neikommende sprekkers oan en docht it fier dere ferrin fan de gearkomste en it ferfolch dêrfan út de doeken. By de léste gearkomste fan de ried moasten Onderling nei ôfrin noch wat saken regele wurde. Dat duorre wat lang, omdat de boargemaster tsjin syn gewoante yn wat langer hingjen bleau. Der is troch ried en kolleezje besletten dat er in beheind tal sprekkers oan it wurd komme koenen. Hy bringt ek yn it sin dat men net foar neat yn Terherne offisjeel ôfskied nimt fan de boargemaster. De hear Dijkstra wie net allinne boargemaster fan de gemeente Boarnsterhim, mar ek fan de gemeente Lenten. Yn de bestjoersperioade fan boargemaster Dijkstra hat it Kameleondoarp stal krige. Dat slút goed oan by it motto fan de boargemaster dat de rekreaas- je it brea foar de takomst fan Boarnsterhim is. Hy hopet dat de herinnering oan Boarnsterhim foar boargemaster Dijkstra en syn frou in positive herinnering wêze mei. 04. Ferslach 17-12-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 12