Side 2 3. Taspraak troch gemeenteriedslid, de hear J. Gerbrandij "Boargemaster Dijkstra, mefrou Dijkstra, bern, sibben en freonen, achte oanwêzigen. It is út namme fan de Rie dat ik hjir it wurd fier. Soks is in opjefte, sprekke út namme fan. By de ta- rieding dêrta haw ik twa dingen dien. len. Oan de fiif fraksje-foarsitters de fraach foarlein 'Sis yn in pear sinnen wat fûne jim fan de BoargemasterP'Twads. De notulen opfrege fan de bysûndere riedsgearkomste fan 1-12-1992. En dan benammen de taspraak fan de hear Renia, út namme fan de Rie. Dy taspraak, o skrik net, waard ôfsletten mei it sjongen fan in wolkomstliet, troch Rie en gemeentesekretaris, tekstskriuwer Onbekend, de tekst sil ik jim dan ek mar ûnthâlde. It wie op de wize fan 'It feintsje fan Menaam'. Op dat stuit joech it it lûd wer fan in ienstimmige Rie. Aldus de notu len. Jo waarden wolkom hjitten as Fries fan om utens - no yn it hert fan Fryslân, Boarnster- him. Hat dat der miskien ta bydroegen dat jo ús eigen taal in waarm hert tadroegen, en ek út- d roegen? In inkeld wurd oer de ferhâlding Boargemastersechtpear en de Rie. Sa no en dan krigen wy as riedsleden mei ús oare helte in útnoeging fan jimme oan hûs. It wie sûnder mis in bydrage oan de goede minsklike ferhâldingen, jimme wiene altyd tige gastfrij, wy hiene it bést. Tige betan ke, Ype en Joke Dijkstra, foar jim freonlikheid en hertlikheid. It koe net better. De boargemaster yn funksje. Yn de saneamde maidenspeech seine jo Onder oaren dat der gjin ûndúdlikheid bestean koe oer jo politike eftergrOn, de PvdA. Jo hiene sa jo prinsipes, de drankbestriding (Blauwe Knoop), it twingt respekt óf. Boppedat hiene jo each en ear as op- rjochte sosjaal-demokraat foar dy minsken dy't tusken de tsjillen driigden te reitsjen. Mei it heech hélden fan prinsipes twinge jo respekt óf. Dan wit je wat je oan elkoar hawwe, kin men elkoar better ferstean en faaks ek wurdearje. Bestjoerlik sjoen hiene en hawwe jo wol wat op de mouwe. Dat soks ek tsjin jo wurkje kin hawwe jo ek ûnderfûn. Yn in petear mei it F.D. koartlyn, neame jo dat seis ek, te witten by de werbeneaming 6 jier lyn. Fan it niisneamde ienstimmich sjongen wie op dat stuit gjin sprake. It wie net moai mear. It hat jo rekke en pine dien, it taaste je yn it moed. Faaks lit it ek groeden nei. Hiel oars wie de stimming yn it Riedspresidium fan 4 oktober lêstlyn, wêryn't jo tynge diene fan it berop dat de Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Flevolén op jo dien hie om waarnimmend Boargemaster yn Zeewolde te wurden, en dat jo dêr posityf op reagearre hiene. Inkelde reaksjes dêrop fan de Fraksjefoarsitters, sûnder de nammen te neamen, wurdlik oer- skreaun: Lokwinske, foarsitter mei dizze beneaming. It is spitich foar de gemeente Boarnsterhim en d« Ried, mar merkt de sprekker op jo binne tige optein en dêrom oerhearsket de lokwinsk. In twadde opmerking: It is seker ek in grut komplimint as jo frege wurde foar sa'n dreech karwei te klearjen. Sa sjoch jo mar: Ljocht en skaad op it Boargemasterspaad. Wy hawwe jo kennen leard as ien dy't net yn hokjes tocht, jo eachweid rikte fierder dan de igge fan de Pikmar, oer partijgrinzen hinne. Soks jout betrouwen, jo wiene tók en betûft as Foarsitter fan de Rie, socht de reedlikheid en it kompromis, hélden it oersicht en liet in inkeide kear de leie wolris té folie fiere, it gefaar om elk ta freon te hélden leit dan op 'e loer. Jo wiene belutsen en op- rjocht, ien dy t minsken bynt en wêr nedich brêgen te bouwen. Fuort gjin fernijer, mar in minske kin ek net alles, elke generaasje hat sa sines. Boargemaster Dijkstra, jo komme oer as in blierhertich persoan, komselden seach men jo nitelich. Jo wiene noflik yn de omgong en foar in elts berikber. Sa nimme wy hjoed ek ófskie fan jo as Boargemaster fan Boarnsterhim. Hjoed skiede ús wegen, de tiid hâldt gjin skoft en wy wurde meifierd yn de mealstream fan it libben, op de weagen fan de tiid. Wat jimme meinimme is de neitins oan 12 jier Boarnsterhim. Far wol, dat it jimme goed gean mei. Tank jo wol." De fice-foarsitter betanket de hear Gerbrandij. Hy wiist op de betsjutting fan it getal tolve yn it libben fan de boargemaster, lykas it fieren it fan syn jierdei op 16-12 en it boargemasters- skip fan Boarnsterhim foar tolve jier. 04. Ferslach 17-12-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 13