Side 7 De boargemaster krijt it kado oanbean. 5. Yntermezzo De fice-foarsitter kundicht oan dat men yn dizze bydrage gebrûk makke hat fan wurk fan Piter Jelles. Hy tinkt dat dat it fan tapassing is op de boargemaster. De hear Bijlsma spilet de yntro op de mûlharpe. De ried en it kolleezje léze dêrnei om bar de rigeis fan it gedicht 'Oan de kant fan 'e mar' foar. Mefrou Dekker sammelt de reade roazen fan rieds- en kolleezjeleden yn en biedt dy oan boar gemaster Dijkstra oan. Dêrneist krijt hy ek it ynlistke fers fan Piter Jelles. 6. Ofskiedstaspraak boargemaster Y. Dykstra Gearwurkje, fanselssprekkend yn it belang fan Menear de fice-foarsitter, dames en hearen, le den fan de Gemeenteried en it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders, achte oanwêzigenl Het spreekt welhaast vanzelf dat ik mijn toespraak in het Frysk houd. Zo zijn wij dat in de Raad gewend. Onze medewerkers zijn zo vriendelijk mijn verhaal straks zowel in het Neder lands als in het Frysk beschikbaar te hebben. Foar jo stiet in tankber minskel Ik bin jo tankber dat ik tolve jier lang lieding jaan mocht oan de Gemeenteried en it Kolleezje fan Boargemaster en Wethêlders. Tolve jier yn Boarnsterhim, de gemeente mei har achttjin doarpen midden yn it waarm klopjende hert fan Fryslân! Ik wol jo ek tank sizze foar de gearwurking de hiele perioade lang mei de opienfolgjende Gemeente- rieden en Kolleezjes. de gemeente en har ynwennersl Gearwurkje is somtiden best dreechl Ik tink dat dat gearwurkjen de Ried fan Boarnsterhim nettsjinsteande alle ferskillen yn politike útgongspunten en it karakter fan de leden fan de Ried, dat dat gearwurkjen de Ried hyltiten better ôfgiet! Us Ried wurket gear; klaaid yn in duaal jaske sûnder dêrby altiten de opstrûpte mouwen, dy't by it duel hearre, sjen te litten. Net dat it politike gefjocht út e wei gien wurdt, of dat mieningsferskillen mijd wurdel Dat heart by in libbene demokrasy! Mar úteinlik nimt de Ried in beslút, en wol dêrfoar ferantwurdlik wêze! Al earder bekende ik te hélden fan it iepenbier bestjoer. Tegearre, en yn iepenheid wurkje oan it wolwêzen fan ús ynwenners (wêrmeisto tagelyk hopest in bydrage te leverjen oan in bytsje minsklik lok); it is in foarrjocht dêroan in bydrage leverje te meien! Ik realisearje my dat dit net it momint is wiidweidich te sprekken oer de keazen boargemaster. Foar hokfoar probleem is it eins de oplossing? It is sa ûn-Nederlânsk in protte macht del te liz- zen by ien persoan. Us lokale demokrasy is sterk wurden troch riedsleden en, noch mear, troch wethêlders! Soene wy ek yn it iepenbier bestjoer net ôfprate moatte dat êlde skuon pas fuortsmiten wurde as de nije goed besjoen binne, en fral, goed passel Wurkje foar de publike saak yn Boarnsterhim betekent ek wurkje foar en mei de Fryske kul- tuer yn it algemien en de wichtichste Fryske kultuerdrager, de Fryske taal yn it bysûnder. Wêr oars as yn de gemeente dêr't ea de widze fan Eeltsje en Joast Hiddes Halbertsma stie, soe- nen jo jo ynspanne moatte dy taal dé taal fan it folk wêze te litten. Ed Hoornik sei it, sprek- kend oer Fryslên, yn in pear rigeis sa treffend: "Niet in mijn dorpen en in mijn elf steden niet in mijn meren en mijn heerlijkheden ben ik het meest mijzelf, maar in mijn taal: het instrument waardoor ik ademhaal". Dames en hearenl It wie in foarrjocht jim boargemaster wêze te meien. Ik sei it al. Boarge master yn it gebiet dêr't de dingen by de namme neamd wurde; dêr't it wurd net allinne in "polderjende" betsjutting hat; dêr't in bytsje eigensinnichheid in wurdearre eigenskip is; yn sa'n gebiet boargemaster te wêzen makket sterker, en striidber; it ferriket. Dat is ek libjen yn in frij gebiet mei frije minsken! Krekt sa as frijheid net fanselssprekkend is, is ek in posityf kri- tyske mar fatsoenlike omgong tusken minsken net fanselssprekkend. Wês der wiis mei! 04. Ferslach 17-12-2004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 18