Side 8 Wêr we net blij mei hoege te wêzen is de tanimmende agressy en ûnferskillichheid yn ús maatskippij. Ik kin dêr net oan wennel En ik wol dat eigentlik ek net! De wurden fan de Joad- ske romancier, essayist en Nobelpriiswinner foar de frede fan 1986, Elie Wiesel, binne hjoed de dei mear wier as ea wannear't hy seit dat it de ûnferskillichheid yn minsken is dy't leafde, kennis, hope, en ja, libben yn 'e wei stiet! Dêrom moatte wy -mien ik- yn alles wat wy dogge mei sprekken, lézen, skriuwen en Qnderwizen: fjochtsje tsjin de ûnferskillichheid! Dêrom ek is it sa goed, ék yn it iepenbier bestjoer, dêrfan bin ik oertsjûge, dat in ein makke wurdt oan it "alles moat kinne" tiidrek. Ek grinzen stelle draacht derta by dat ûnferskillichheid tsjingien wurdt. Joke en ik, wy ferlitte Boarnsterhim, fan wa 's doarpen, fan wa 's minsken fral, wy in hiele protte hélden gien binne. Achttjin doarpen mei in geweldige mienskipssin! It binne de dóarpen dêr't it waarme, sportive, kulturele, sosjale en soarchsume hert kloppet. Dét dogge de min sken yn de doarpen! Kreatyf, handich en op resultaat út. Wêr kom je tsjin dat bestjoeren fan Pleatslike Belangen harren sa frekwint, mei sa'n yntinsje, harrensels sa faak fuortsifer- jend....opkomme foar de belangen fan de ynwenners fan hérren doarp. It is in feest om dat meibelibje te meien! Yn dy hâlding leit úteinlik ek de kym foar de oplossing fan in probleem, dat him natuerlik yn elts doarp wolris foardocht. Dêr sjogge jo ek de fearkracht fan in doarp om - tegearre mei oa- ren- oplossingen te betinken as de doarpsmienskip echt yn de put sit. Op it gefaar óf oaren tekoart te dwaan neam ik ien foarbyld: it doarp Wergea, en it sluten fan it earste koöperative molkfabryk, mei in hiele protte arbeidsplakken, yn de njoggentiger jierren. No is it in fantas- tyske sammeling fan in seistal rendearjende bedriuwen mei meielkoar sa'n 150 arbeidsplak ken. Klasse! (Steane jo my ta yn dit ferbên in persoanlike noat út te sprekken: krekt om't Wergea foaral himsels út de djippe delling omheech wurke hat, soe it pleatslike inisjatyf foar in momumintsje dat herinnert oan it earste koöperative fabryk foar suvelberieding yn Nederlén, en wat it wur den is op dat plak wat my oanbelanget, stipe wurde moatte!) Dames en hearen, ik realisearje my dat ik in protte minsken tekoart doch troch net stil te stean by dat iene prachtige inisjatyf; dat werklik geweldige innovative bedriuw; óf it grutte ferlies dat wy ek belibben. Ik bin bliid dat ik op myn eigen wize in lytse bydrage oan dy mienskip fan ús doarpen jaan kind ha troch hjir boargemaster te wêzen. Ik realisearje my dêrby tige dat de dingen dysto dochst, dwaan kfnst, in produkt binne fan de opfieding troch dyn âlders, fan de foarming dy't ik op allerhande plakken en omstannichheden krije mocht; in bytsje ûnderfining en in hiele protte stipe fan oarenl Jo sille it my net kwea óf nimme as ik myn frou op dit plak neame wol: Joke do hast my mear stipe by myn wurk dan ik fannemiddei kfn en sizze wol!!!! Datselde jildet ek foar de be- gelieding fan Atze en Ratna (no mei pakesizzer Ype Dewantara) en Maaike op harren folslein eigen, en, gelokkich, krityske wize. Dankewoll! Dames en hearen, leden fan de Gemeenteried en it Kolleezje fan Boargemaster en Wethélders. Ik wol jo betankje foar de faak freonskiplike wize wêrop wy gearwurkje koene. It wiene yn it begjin stevige, mar letter hiel moaie jierren! Bliuw letten op de hurde wyn. In stoarmke kin samar opsette. Mar yn Boarnsterhim wit de Ried te reven as dat nedich is! By it museum Boymans van Beuningen yn Rotterdam stiet in prachtich monumint dêr't in pear rigels fan de dichter J.H. Leopold yn beitele steane. "Wij werden voor ons komen niet gemist na ons vertrek zal het niet anders wezen" En sa is it II! Dat it jim allegear goed gean mei!!! Dankewoll!!" Boargemaster Dijkstra oerlanget de fice-foarsitter de hear Roorda de hammer en winsket him in protte sukses. Dêrnei krijt mefrou Bouma as loko-boargemaster de amtsketting út hannen fan boargemaster Dijkstra. 04. Ferslach 17-12-2004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 19