BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 14 de- simber 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen G. de Jong, J. Gerbrandij en D. van der Meuten fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers 1lepenjen De foarsitter hyt alle oanwêzigen en ek de harkers fan de Boarnsterstim tige wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Dêr wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fâststellen fan de wurklist De hear Bouma (VVD): De WD wol mei in moasje komme oer it fytspaad Grou-Wergea. Mefrou Dekker (PvdA): Wol fan punt 10 in B-stik meitsje omdat der in oanfolling op it stik kommen is. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei ynstimme kin. De moasje wurdt fan de VVD wurdt as punt 17 oan de wurklist taheakke. 4. It fdststellen fan de ferslaggen fan de gearkomsten fan 9 novimber, 10 novimber en 17 novimber 2004 It ferslach fan 9 novimber: De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 10 novimber: De hear Van der Sluis (VVD): Side 3: Wol achter de sin 'Seis jier lyn binne de earste huzen yn Boarnstee boud.' taheakje: 'En noch altyd is it in rommeltsje mei de ûntsluting. Jierrenlang hawwe de bewenners hjir oandacht foar frege, mar noait in reaksje fan de gemeente hân. Dit is in bysûnder slechte kommunikaasje mei de boargers. De WD fynt dat dit dan ek nergens op liket.' De foarsitter: Mei dy wiziging wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 04. Ferslach 14-12-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 3