Side 2 lt ferslach fan 17 novimber: Mefrou Dekker (PvdA): Side 4: De ûnder har namme oanhelle sin is troch har net sein. It wie in fraach fan de hear Nijpels. De foarsitter: Mei dy wiziging wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 5. Yn kommen stikken De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. Der wurdt konfoarm besluten. 6. Foarstel oangeande de beneaming fan de hear J.R. Galama as plakferfangend rieds- kommisjeiid De foarsitter: Wol noch even by de gong fan saken stilstean. It hat ek punt fan oerlis west yn it presidium. Stelt fêst dat wat der yn de ried fan 12 oktober bard is, net dien is om mei op- setsin te skansearjen. De ried fan de gemeente sjocht by de betrouwensbrieven benammen nei de beneamingseasken. De ried hat in feroardering oer de yntegriteit fêststeld. Men hat neffens him in stênpunt ynnommen dat net hâldber is, dat net goed is en dat weromnommei wurde moat. It hat net de bedoeling fan de ried west om minsken te beskeadigjen. Hy fynt in ferûntskuldiging yn alle gefallen fan syn kant op syn plak. Men docht der ferstannich oan om de regels en de foarskriften nochris goed opmij tsjin it Ijocht te hélden. Der is net in protte winst yn dizze saak. Hy hat net de behoefte om yn details op de saak yn te gean. Der is net op de tiid byskeakele en op dizze jûn is der in kâns om dat wol te dwaan. Wol dêrta in kom- misje beneame dy t tsjin dy eftergrûn de saak opnij besjocht om de betrouwensbrieven fan de hear Galama te hifkjen om dêrnei mei in advys te kommen. De hear De Vries (PvdA): It hat nei de riedsgearkomste yn oktober ynhâldlik, mar ek prosedu- reel oan de oarder west. Hy soe graach in kommisje gearstalle wolle út de leden fan it presi dium en doelt dêrmei op de fraksje-foarsitters fan de PvdA, de WD, de FNP en it CDA. De foarsitter: Freget hoe't de oare fraksjes dêrfoar oersteane, omdat it ôfwykt fan it reglemint dat in kommisje fan trije foarskriuwt. De hear Hemminga (GB): Hy wie op de hichte fan dit foarstel. Fynt dat de fraksje fan GB net in sit yn dy kommisje hawwe kin. Hat fierder gjin beswier tsjin sa'n kommisje. De foarsitter: Freget de hear De Vries (PvdA), de hear Van der Meulen (CDA), de hear Bouma (VVD)en de hear Bijlsma (FNP) diel út te meitsjen fan de kommisje. Underbrekt de gearkomste om de kommisje tiid foar beried te jaan. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it de hear Bijlsma as foarsitter fan de kommis je it wurd. De hear Bijlsma (FNP): De leden fan de betrouwenskomisje hawwe in tal saken yn oerwaging nommen. Yn de riedsgearkomste fan 12 oktober 2004 hat de ried besletten om de hear Ga lama net te beneamen ta plakferfangend lid fan de kommisje BMM. Troch de fraksje fan GB binne in tal fragen steld oer de krekte tapassing fan de wetsartikels, spesifyk artikel 15 fan de gemeentewet. Neiere bestudearring fan de betreffende wetsartikels en it ynwinnen fan juri- dysk advys hjiromtrint hat útwezen dat tapassing fan artikel 15 fan de gemeentewet om de foardroegen persoan net te beneamen juridysk net krekt is. It hat bliken dien dat allinne in strikte toetsing plakfine mei as oan de easken fan artikels 10, 12 en 13 foldien wurdt. Artikel 15 fan de gemeentewet mei net brûkt wurde yn de ôfwaging ta beneaming. Dizze sjenswize op de tapassing fan de oanbelangjende wetsartikels hat derta laat dat it ûndersykjen fan de betrouwensbrieven fan de hear Galama opnij agindeard is foar dizze riedsgearkomste. De 04. Ferslach 14-12-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 4