Uit het verslag van 2 februari 2004 11. Opiniëarjend besprekken fan de startnotysje "De brede school". Op fersyk fan de PvdA wurdt it no behannele. De Vries(PvdA): PvdA-fraksje fynt it wichtich om meiïnoar hjiroer fan gedachten te wikseljen en is fan betinken dat de ûntwikkelingsmooglikheden fan it bern sintraal stean moatte. It brede skoalle-konsept komt mear fuort út de learachterstân. Dat spilet hjir minder. It giet tenearsten om de boustiennen, dy't de âlders en belutsenen oanleverje moatte en dan komt it metselwurk oan de oarderIt proses om mei de belutsen partijen in mearwearde te jaan oan it konsept. De rol fan de gemeente komt dan oan de oarder, moat der bemiddele, Onderhannele as regissearre wurde. De ynsprekster fan Akkrum hat ek punten oanjûn, aspekten fan leefberens, de foarm dy't je kieze. Der binne 2 doarpen mei in a-status. De fisy fan dizze notysje wurdt ûnderskreaun troch de PvdA, net it los byïnoar setten fan skoallen, mar mear helje út it yntegrale karakter fan it gehiel en de leefberens befoarderje. De gemeente soe wat mear dwaan moatte as bemiddelje. lepenbiere skoalle en PCBO soene meiïnoar mearwearde krije moatte as allinnich mar it tegearre gebrûken fan in gebou. Aard en skaal fan doarpen soe oan de oarder komme kinne. De foarsjenningen as skoalle en nije multifunksjonele sintra begjinne inoar te oerlaapjen en hoe gean je dêr mei om. Bouma(WD): de ynhâld fan de notysjes kin de VVD mei út de fuotten. It is goed dat de partisipanten dêrby beneamd wurde. De rol fan de gemeente is berrüddeljend, maar dat soe wat steviger kinne. Yn Akkrum is wat in falske start makke. De ynbring fan pleatslik belang Akkrum kin ek meinommen wurde. Alle ingrediïnten kinne liede ta de foarming fan in multifunksjonele skoalle ta in brede skoalle wêrby synergy in rol spylje kin, ek op finansjeel gebiet. Je moatte der net fanút gean dat it perfoarst djoerder wurdt. Bijlsma(FNP): ynhâldlik is it in goed stik. Konsekwinsjes fan it byïnoar pleatsen as it op oare wize gearwurkjen binne net dúdlik. FNP is foar in sa breed mooglike skoalle, mar de gearwurking sil per doarp ferskille. Der binne yn de doarpen al foarmen fan gearwurking tusken de foarsjenningen. Yn Akkrum is it noch net dudlik hoe de gearwurking stâl krije moat. It sil wol op basis fan gelykweardigens moatte. len as twa partyen kinne net de oerhân hawwe. De skoalle as kearnpartner is net hielendal dúdlik. As de opset is dat de skoalle de rjochting oanjaan moat, dan is de hear Bijlsma net lokkich mei. De regissearjende rol fan de gemeente is wichtich en der kin yn de takomst wol in foarm fan overhead nedich wêze. De situaasje yn Akkrum is noch net dúdlik. Hokker partyen wolle dêr mei oan de slach en hoe fier is it mei it oerlis en wat hat dat opsmiten? It betsjut nochal wat yn Akkrum foar de foarsjenningen dy der binne en ek foar de gemeente. Aard en skaal fan doarpen spilet in rol. Looijenga(CDA): ek CDA sit op deselde lijn en kin har fine yn de notysje. Goede Ontwikkelingskansen foar de bern stean foarop. Yn Akkrum en Grou kin úteinsetten wurde en letter miskien yn de oare doarpen. Spitich dat der rûs Ontstien is yn Akkrum. In brede skoalle moat in breed draachflak hawwe. Alders en partisipanten moatte der goed by belutsen wêze. De fisy moat goed útdroegen wurde troch de gemeente en dan kinne je kwaliteitsferbettering krije.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 57