Boringa(GB): GB is het ook eens met de inhoud van de notitie. Een brede school moet goed worden opgezet met een duidelijke coördinatie. De locatie zal per dorp verschillend zijn. De gemeente regelt de financiering en niet alleen de regie maar ook het beheer. De gemeente moet er bij betrokken blijven. Voor Akkrum moet zo snel mogelijk een goed plan komen met inzicht in kosten. Je moet het goede cement hebben om een brede school te bouwen. De Vries(PvdA): it teoretysk model wurdt únderskreaun troch de fraksjes. Bern moatte sintraal stean. De doarpen mei de A-status kinne úteinsette en dit moat goed falisitearre wurde sadat de brede skoalle úntstean kin. It moat net in bredere skoalle wurde as it doarp seis net wol. Der moat draachflak foar wêze. De gemeente kin wol oanjaan dat sy it graach sa breed mooglik sjocht. Arguminten sille ôfwoegen wurde moatte. Je sille der wol rekken mei hâlde moatte dat in brede opset djoerder wêze kin en je kinne der dan foar kieze dat je yn de Ontwikkeling fan bern ynvestearje wolle. Je hoege der net fan út te gean dat it djoerder wurdt, mar je kinne it net útslute. Je kinne leare fan it proses yn Akkrum en soargje dat der stjoer op setten wurdt. Ynbring fan partyen moat meinommen wurde by de ôfwaging foar it foarmjen fan in brede skoalle. Bijlsma(FNP): is it der ek mei iens. It stik biedt in goed basis om de brede skoalle yn Akkrum en Grou hannen en fuotten te jaan. Je kinne ynstellings net twang oplizze. Je kinne de wurkgroep fan pleatslik belang yn Akkrum der ek by belûke. Kosten sille yn in letter trajekt oan de oarder komme. Fysyk hoecht der net perfoarst gearwurke te wurden. As der ynhâldlik gearwurke wurdt is al posityf. Dat moat ûndersocht wurde. Bouma(VVD): slút him hjir ek by oan wat dy wurkgroep oanbelanget. Gjin twang en saak helder op tafel krije. De hear Bouma freget in kopy fan it ferhaal fan mefrou Stouwdam. Bouma(wethêlder): jout oan dat der in brief kommen is mei de post, wêr't mefrou Stouwdam nei ferwiisd. Foarsitter: de opmerkingen kinne meinommen wurde troch it kolleezje. Der is wat betizing oer de gong fan saken Wethâlder Bouma Ijochtet it ferrin ta. Der is oerlis west yn it OOGO. It kolleezje sil mei in foarstel komme nei de rie. De hear De Vries stelt noch foar om de besprekking fan jûn as bylage mei te nimmen nei de rie ta. De foarsitter stelt fêst dat der opiniëarjend oer sprutsen is en dat de kommisjeleden posityf binne oer de startnotysje. Foarstel fan de kommisje is dat it sa nei de rie kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 58