Side 3 kommisje hat dit Ondersyk dien en adivsearret de ried om de hear Galama te beneamen ta plakferfangend lid fan de kommisje BMM. Dêrnjonken advisearret de kommisje de ried om in diskusje te fieren oer de proseduere fan ûndersyk fan betrouwensbrieven en sa nedich te kommen ta in oanpassing fan it reglemint fan oarder fan de ried. En oer de saneamde 'reikwijdte': falie kommisjeleden, net-riedsleden ek ûnder dizze feroardering? En oer de ynter- pretaasje en de dêroan te ferbinen gefolgen fan itjinge yn de feroardering 'Gedragscode be stuurlijke integriteit' opnommen is. Dizze diskusje kin troch it presidium taret wurde. De hear Hemminga (GB): Hy kin troch de ferklearring fan de foarsitter en dy fan de kommisje wat koarter as wat er earst tocht hie. It hat in learproses foar de ried west. Achterôf sjoen is men bliid dat der erkend is dat it net goed gien is en is hy bliid dat GB trochset hat. Men moat soarchfâldich wêze yn de tarieding fan in stik. De ynterpretaasje fan de hear Galama is letter befestige troch de gemeentlik jurist. It gie om de diskusje om de ynterpretaasje fan artikel 13 en 15. Men hat fanôf de riedsgearkomste fan 12 oktober allinne mar praat oer prosedueres en net oer de ynhâld. It gie om it adviseursskip fan de Nieuwe Kade BV. Dy BV is al hast leech. Men hie mear oer de ynhâld prate moatten. Is bliid mei de útslach en de ferûntskuldiging. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried de hear Galama by akklamaasje beneame wol ta plakfer fangend lid fan de riedskommisje BMM. En dat it beslút fan 12 oktober dêrmei ynlutsen is. Yn de takomst sil praat wurde oer de proseduere foar it Ondersyk nel de betrouwensbrieven. Freget de hear Galama oft er ree is him as plakferfangend lid beneame te litten. Stelt fêst dat dy dêrta ree is. De foarsitter lést de ta de beëdiging hearrende fragen foar. De hear Galama jout in befêstig- jend antwurd op de him stelde fragen en wurdt ta plakferfangend kommisjelid beneamd. De hear Galama (GB): Hy tinkt dat in ferklearring goed is nei alles wat der bard is. It be- driuwslibben heart ek in plak te hawwen yn it iepenbier bestjoer. It hat wat in domper west dat de saak sa ferrûn is. Is úteinlik bliid mei de útslach. Syn arguminten binne net altyd op pakt. Hy wurdeart it dat de ried syn ekskús oanbean hat. Hy hopet dat er yn de takomst goed mei de ried gearwurkje kin. De foarsitter: Wiist der op dat net it bedriuwslibben him kandidaat steld hat, mar de politike groepearing GB2000. Hjit him wolkom yn de kommisje. 7. Foarstel ta ynstimming mei it 'Convenant Herstructurering' De hear Boringa (GB): Vindt het een gigantisch project. Het betekent een verbeterde huisves ting voor groepen die van huren afhankelijk zijn zoals studenten en minimuminkomers en ou deren. Men moet zuinig met de huurwoningvoorraad omgaan omdat er veel vraag naar is. Er zullen minder huurwoningen worden opgeleverd dan er nu zijn? Hoe kan men voorkomen dat de nood (vooral in Grou) niet te hoog wordt? Kan er inzicht gegeven worden in de aantallen die straks in de duurdere woningen moeten wonen? Men mist de risico-analyse van het pro ject, als geheel en voor de onderdelen daarvan. Het rapport dient als leidraad voor de verschil lende projecten. Wordt de raad tijdig op de hoogte gebracht van tussentijdse wijzigingen en welke procedure wordt dan gevolgd? Er wordt dekking gevonden in de opbrengst van ver koop van diverse locaties. GB wil concreet weten welke locaties dit zijn. Een locatie kan maar één keer ingezet worden. GB is niet tegen het voorstel maar men wil niet voor de toekomst voor onoverkomelijke problemen komen te staan. Mefrou Minkes (PvdA): Der is mei it foarstel 100 miljoen anneks en dat is hiel bysûnder foar in gemeente as Boarnsterhim. Men moat it finansjeel yn de teugels hâlde. It giet no net allinne om djoere keapwenningen mar benammen om sosjale wenningen. De gemeente betellet foar elke klearkommen sosjale wenning of goedkeape wenning en kin dêrmei stjoere. It giet om 04. Ferslach 14-12-2004/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 5