Side 4 hast 450 wenningen. Miskien hoege der yn stee fan 210 mar 100 wenning ferkocht te wur- den. Sy giet dêrfan út dat de ried ynformeard wurdt as it oars giet as hjir raamd is. Mefrou Verkerk (VVD): De VVD is tige ynnommen mei it konvenant herstrukturearing. De fi- nansjele paragraaf. Men giet út fan it priispeil 2004 en ferjit de yndeksearring. De VVD hech- tet in protte wearde oan in goede kommunikaasje en de BV moat slachfeardich wêze en de eigen kosten weromfertsjinje. Monitoring op himsels is wol goed, mar moat wol praktysk wê ze. Oer de 5700 subsydzje per wente: Is dit it resultaat fan de ûnderhanneling mei Woonwille yn ferbên mei de hege grûnpriis yn Grou om Grou in Beweging budzjetêr neutraal te hélden? Is it sa dat de gemeente yn Aldeboarn in kontingint fan 20 senioarewenningen krigen hat foar de ferpleatsing fan Ark en Reau? Ferfalt dit spesifike kontingint as Ark en Reau net ferpleatst wurdt? De hear Janse (FNP): In lytse twa jier lyn waard de ried frege nei de gefoelens oer in foar- nommen konsept konvenant herstrukturearing. No wurdt de ried frege om ynstimming mei it konvenant. De FNP-fraksje miste yn de projekten de planning, de prioritearing en de finansjelt paragraaf. Dy binne der no wol by. By de finânsjes hat de FNP in tal kanttekeningen. De fraach is hoe't it tekoart fan 1,3 miljoen dutsen wurdt. Dy fraach is yn de kommisje ek steld en men hat der gjin antwurd op krigen. De subsydzjeregeling foar sosjale wentebou is op him sels in goede saak. De subsydzje moat betelle wurde út de ferkeap fan grûn oan Woonwille. Hokker lokaasjes en hokker grûn hat men op it each? Binnen Grou in Beweging soe it û.o. ek brûkt wurde foar it swimbad. Men kin no neat hjiroer weromfine. It kolleezje hat doe ek gjin antwurd op de fragen op de wearde fan de grûn jûn. It Wilhelminapark fait Onder de wer- strukturearring. It soe by Grou in Beweging. De rjochtspersoan: de FNP-fraksje fynt dat dat oan de ried is, omdat it in polityk swierwagend punt. Punt 1.5 fan it konvenant stiet der net yn. Graach dúdlikheid dêroer. Wachtet earst de antwurden óf. Wethâlder Van den Berg: It giet om in hiel protte jild. It is moai dat men no sa fier is dat men der mei de ûntwikkeler útkommen is. Der binne in tal fragen (lykas oer punt 1.5) dy't men ek oan de amtners freegje kinnen hie. De hear Janse (FNP): It giet him derom dat der omtinken oan syn fraach jûn wurdt. Wethêlder Bouma: It giet derom om it finansjele trajekt goed óf te dekken. It kolleezje komt alle jierren werom nei de ried oer de plannen en by wizigingen fan de plannen. De monitoring sil der om de twa jier wêze. Der ferdwine hierwenten, mar der komme ek goedkeapere keap- wenten foar yn it plak. Men kin net krekt foarspelle hoefolle minsken aanst yn in djoerder hûs komme te wenjen. Der sitte minsken mei in te heech ynkommen yn de goedkeapere hierwen ten. Hopet dat de senioaren en de starters sa goed mooglik in plakje fine kinne. Der wurdt nergens in opbringst dûbeld ynboekt. It moat net sa wêze dat minsken de gemeente ferlitte moatte. De diverse lokaasjes steane yn de fertroulike ynformaasje. Foar de minsken mei de smellere beurs sil in plakje wêze yn de gemeente. De stjoering mei subsydzje: as it net reali- seard wurdt dan krijt men de bydrage ek net. It giet te fier om krekt út te doeken te dwaan hoe't men de 5700 euro subsydzje berekkent. Yn 2004 hie men de grutte linen op papier. As men oan it earste projekt ta is dan kin men sjen hoe't it mei de priistelling derút sjocht. De fraach oer de senioarewenten foar Ark en Reau heart hjir net thús. As der mear bekend is dan sil de ried dêroer ynformeard wurde. Yn de bylage (dekking griis en grien) kin men sjen hoe't men ta de dekking fan 16 miljoen komt. Dêr sit de 4.6 miljoen by yn. De hear Janse (FNP): Yn dat stik stiet wol oanjûn dat de bedragen meinommen wurde mar de dekking stiet der net by lykas by de oaren wol. Wêr wol de gemeente dat weihelje? 04. Ferslach 14-12-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 6