Wethâlder Bouma: Men kin oan de stikken sjen hoe't men útkomt. Men komt op nul út en sa is de berekkening fan de 16 miljoen makke. De hear Janse (FNP): Hy hat de fraach ek by de amtners dellein en dy koenen it ek net útliz- ze. Wethâlder Bouma: Der is goed útsocht dat der gjin dûbelde ferkeapen yn sitte. It swimbad stiet bûten dit plan. De útfieringsorganisaasje sil yn january of february bekend wêze. De ried giet net oer de beslútfoarming oangeande de útfieringsorganisaasje. Twadde termyn De hear Boringa (GB): GB wil de risico's zo laag mogelijk houden. Wil graag de toezegging van de wethouder dat men jaarlijks met een overzicht komt. Kan verder met het voorstel in stemmen. Mefrou Verkerk (VVD): De fraach oer Ark en Reau hat wol in ferbân mei dit foarstei. Kin Ark en Reau ek in oare partner fine om 'levensloopbestendige' wenten te bouwen? De hear Janse (FNP): It konvenant stekt fierders goed yninoar. It biedt romte genôch foar oanpassing oan de merkomstannichheden. In goede kommunikaasje is fan grut belang. De FNP-fraksje praat net oer dûbelde ferkeapen. Men hat lykwols gjin ynsicht yn de opbringst fan dy lokaasjes. Hy is dy lokaasje net yn de stikken tsjinkommen. De kwestje fan de útfierings- organisaasje is in polityk swiere saak. Wol graach fan de oare fraksjes witte wat dy dêrfan tinke dat it allinne troch it kolleezje bepaald wurdt. De ynstimming mei it stik is ferbûn Onder de betingsten dat men dúdlikheid hat oer de finânsjes en it tekoart fan 1,3 miljoen. Mefrou Minkes (PvdA): Freget wat de hear Janse no krekt wol. Dan is der te folie en dan wer te min. De hear Janse (FNP): Men moat as riedslid thús genôch ynformaasje hawwe. Mefrou Minkes (PvdA): Neffens har hat men alles. De hear Janse (FNP): De riedsleden moatte thús oer de ynformaasje beskikke kinne. Mefrou Minkes (PvdA): De ynformaasje is der dus wol? De hear Janse (FNP): Hy hat it net fine kinnen. Hy moat net om de lokaasjes sykje moatte. De hear Van der Meulen (CDA): It CDA is al jierren foarstanner fan herstrukturearing yn de gemeente. De wenningen moatte wer in aktueel nivo hawwe. Men is bliid dat men no sizze kin dat de saak slutend is. It is hiel lestich yn te skatten oft it foar de minsken betelber is. Dêrfoar spylje te folie faktoaren in rol. Hy hat it gefoel dat it goed komt. Hy tinkt dat men mei de projekt-organisaasje goed en adekwaat hannelje kin. Der moat goed rapporteard wurde nei de kommisje. De kommunikaasje nei de ynwenners ta is ek tige wichtich. It CDA hat der be trouwen yn dat it projekt goed útfierd wurde kin. De foarsitter: Bringt de ried noch yn it sin dat der proseduere-ôfspraken binne oer it omgean mei fertroulike ynformaasje. 04. Ferslach 14-12-2004/absh/S

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 7