BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 25 jannewaris 2005. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 14 en 17 desimber 2004. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform besletten. Nei oanlieding fan punt 15 wurdt besletten om it Onderwerp Op 'e Hichte yn relaasje ta de ferskiningsfoarm op'e nij te behanneljen yn de kommisje BMM. 6. Foarstel oangeande de útwurking fan de ferantwurdingsplicht en it jaan fan WWR ynformaasje troch it kolleezje yn it ramt fan artikel 169 Gemeentewet. Ofwikend besletten. It troch de FNP yntsjinne amendemint wurdt sûnder haadlike stimming oan- nommen. Dit betsjut dat de by it riedsútstel hearende útwurking oanpast wurdt. Yn de bylage Utwurking aspekt "yngripende gefolgen" op grûn fan ar tikel 169 kêst 4 fan de Gemeentewet op side 2 komt punt b ("as grûn oan- kocht wurdt binnen in mei de grûnkommisje oerienkommen grûnwinningsplan dêrûnder begrepen de rjochtiinen wêrfoar grûn oankocht wurde kin") te ferfal- len. Dêrneist is troch de foarsitter oanjûn dat op side 3 fan neamde útwurking in fout stiet. De goede tekst is: "Foar in fiotte fuortgong fan de besiútfoarming delegeart de ried it beoordieien fan foarnommen besiuten en it nei foaren bringen fan betinksten oan: de kommisje WWR (stie ferkeard de grûnsaken) wêr't it besiuten binne wat grûn oangiet. De kommisje BMM, wat de oare besiuten oanbeianget. Besiuten nommen yn de situaasjes as bedoeld ûnder A en D wurde meidield oan de kommisje grûnsaken. beslutelist 25 jannewaris 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 82