Side 6 Wethâlder Bouma: Sy fynt eins dat men no net op de lokaasje Ark en Reau yngean kin. Kin dan ek net sizze oft de kontinginten letter noch beskikber binne. Mefrou Verkerk (VVD): Is Woon wille de iennichste partner fan de gemeente? Wethâlder Bouma: Der binne ûntwikkelers dy't mei de gemeente gearwurkje. Der wurde hu- zen werkonstrueard dêr't Woonwille huzen hat. Men giet troch mei de herstrukturearing yn °are parten yn Aldeboarn. Men hat twa jier lyn wol mei oare wenningboukorporaasjes om de tafel west. Dy woenen allinne de krinten út de brij. Woonwille is de 'preferent' partner dy't ek 55% fan de wenten yn besit hat. As bliken dwaan soe dat it yn de kommend jierren fêst rint, dan moat men it dêr mei Woonwille oer hawwe. Mei de besteande wenningen yn de gemeen te moat in protte barre. Mefrou Verkerk (WD): Dus Woonwille is de 'preferent' partner, mar hat net it allinnerjocht? Wethâlder Bouma: Befêstiget dat. Fynt de útfieringsorganisaasje in foech fan it kolleezje. Si mooglik wurdt men moanneliks ynformeard oer de stân fan saken. En by wizigingen sil de ried ek ynformeard wurde. De hierdersferiening 'Woongoed' sil de belangen fan de hierders waar- nimme. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel om it delegaasjebeslút fêst te stellen De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel oangeande it tsjinstferbân fan de griffier De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta fêststelling fan de notysje 'Criteria voor de realisatie van bedrijfswoningen' De foarsitter: Meldt noch in erratum, side 8, punt 4: 'minimaal een bepaalde inhoud, bijvoor beeld 750 m wurdt wizige yn 'de minimale inhoud en/of oppervlakte afhankelijk stellen van de oppervlakte van het perceel.' Mefrou Dekker (PvdA): De notysje joech oarspronklik in grutte frijheid om it oerflak te fergrut- sjen. In lyts bedriuwke soe der in grutte romte by krije kinne en dat wie de bedoeling net. Is tige ynnommen dat it kolleezje de suggestje fan de PvdA opnommen hat yn de notysje. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel ta it wegeijen fan in bou-oanfraach foar it oprjochtsjen fan in hynste- boks/reauberging op Sitadel 29 te Akkrum De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel oangeande de beneaming fan de akkountant en tsjinstferlieningsoerienkomst mei de akkountant De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 04. Ferslach 14-12-2004/absh/e

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 8