Side 15 7. Foarstel oangeande it oanpassen fan it troubelied 8. Foarstel ta fêststelling en it beskikber stellen fan in kredyt foar de eksploitaasje-opset útwreidingsplan Wergea-West faze 1 en 2 9. Foarstel om meiwurking te ferlienen foar it femijen/fergrutsjen fan in hok op it perseel Wjitteringswei 124 te Aldeboarn Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hie der in B-stik fan makke. It kolleezje hat de opmerkingen goed yn it foarstel ferwurke. Stelt foar om it no as A-stik óf te hanneljen, sadat men dêrmei te set kin. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta it fêststellen fan de tariven ûnreplik saakbelestingen (OZB) foar it jier 2005 De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it ynfleren fan it "Besluit Begroting en Verantwoording 2004" (BBV2004) De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel ta it opstellen fan in útfieringsprogramma Boarnsterhim yn it ramt fan it Friese Merenproject De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel ta it fêststellen fan de hersjoene eksploitaasje fan bedriuweterrein Frisia te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel ta it wegerjen fan it planskeafersyk Buorren 2 te Tersoal De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel ta it wegerjen fan it planskeafersyk De Fûke 19 te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Slute De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en de oanwêzichheid en slút de gearkomste om 00.40 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 15 maart 2005. de griffier, de foarsitter, M. Frensel G.J. Polderman Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 95 minsken. ferslach 15022005/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 20