BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tongersdei 3 febrewaris 2005 om 20.00 oere yn de kantine fan it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei 10 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear G.J. Polderman Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen G. de Jong, J. Gerbrandij en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma Ofwêzich: mefrou M.E. Minkes(PvdA) de hear N. Boringa (GB2000) De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers 1lepenjen De voorzitter opent de vergadering en heet alle aanwezigen welkom. Er is bericht van verhinde ring ontvangen van mevrouw Minkes en de heer Boringa. 2. Foarstel oangeande it fdststellen fan de oanbefelling foar de nij te beneamen boargemaster. De voorzitter deelt mee dat voorafgaande aan deze vergadering een besloten bijeenkomst van de raad heeft plaatsgevonden waar door de voorzitter van de vertrouwenscommissie inlichtingen zijn verschaft. Ook in deze openbare vergadering zal de heer De Vries dat doen. De hear De Vries (PvdA): hjir stiet in tefreden foarsitter fan de fertrouwenskommisje. Der is in beslút nommen troch de fertrouwenskommisje dy't dêr hiel wiis mei is. Ek de ried fan Boarnster him en syn ynwenners sille, tinkt hy, wiis wêze mei dit beslút. len ding lykwols hat de fertrou wenskommisje net oprêde kind. De fertrouwenskommisje hie graach hjoed yn it iepenbier oer de oanbefelling beslute wollen en hat ek alles besocht om dat foar elkoar te krijen. Mar it mocht, sjoen de wetjouwing fan de léste tiid net. Dat it net mocht smakket de fertrouwenskommisje mar min. De ried hat dus no al in beslút nommen yn de besletten gearkomste foarôfgeande oan dizze ie penbiere gearkomste. Hy wol koart weromsjen op it proses dat oan dit beslút foarôf gien is. It is begûn mei in earste byienkomst fan de fertrouwenskommisje wêryn it beslút nommen is de yn wenners meiprate te litten oer it profyl fan de nije boargemaster middels in enkête. Der binne 800 enkêtes weromkommen, wêrfan 700 binnen de tiid. Dêrút die bliken dat ús ynwenners in boargemaster hawwe wolle mei diedkracht en empatysk fermogen, in boargemaster mei kilome ters op de teller, mei ûnderfining dus. Yn de twadde gearkomste fan de fertrouwenskommisje is de profylskets makke. Yn de profylskets wurdt sein dat de nije boargemaster in koersbepaler en in netwurker wêze moat, diedkrachtich en fleksibel. Hy as sy is sinjaalgefoelich en hat empatysk fermogen. Dêrnjonken is de boargemaster immen dy't fisy útdrage kin en transparânsjefermogen hat. Der kamen 33 sollisitanten. Yn de earste rûnte is mei 9 minsken praten, yn de twadde rûnte mei 4 en úteinlik bleaunen der twa kandidaten oer. 04. ferslach 03022005/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 3