19. Foarstel oangeande it fersyk om planskea Stûkenwei 5 te Warten. WWR Konform besletten. 20 Foarstel ta it fêststellen fan it byldkwaliteitsplan Boarnstee-Zuid. WWR Konform besletten. 21Moasje fan de FNP en GB 2000 oangeande beandering fragen Konvenant her- strukturearing. "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 15 maart 2005, Yn omtinken nimmende dat: yn de kommisje WWR fan 26 okt 2004 de wethâlder oant twa kear ta gjin andert jûn hat op de troch de FNP en GB stelde fragen oangeande de dekking fan it tekoart fan 1.330.000 euro en de lokaasjes dy't yn- brocht wurde foar dekking fan de subsydzje oan Woonwille de wethâider yn de Riedsgearkomste fan 14 des. 2004 as beandering ferwees nei de fertrou- like stikken dy't foar de riedsleden op besjen leine, wêryn't de lokaasjes stean soene, en nei de finansjele stikken dy't de riedsleden krigen hiene, wêrynt de dekking stean soe der neffens de wethâlder bij de lokaasjes gjin lokaasjes binne dy't al by "Grou yn beweging" ynbrocht binne FNP en GB konstatearre ha dat de foargeande anderts net kloppe -de lokaasjes stiene net yn de fertroulike stikken en de dekking wie net oanjûn- en dêrom it kolleezje skriftlik fragen steld ha de beandering fan de skriftlike fragen ús koartlyn fertroulik tastjoerd is de ynformaasje yn dat stik net ûnbelangryk is Sprekt har teloarstelling út oer it net en ferkeard troch de wethâlder bean- derjen fan de fragen yn kommisje en Ried en it net yn de stikken fan it konvenant oanwêzich wêzen fan dizze ynformaasje Fersiket it kolleezje de fragen en beandering dêrfan oan alle Riedsleden ta te stjoeren. En giet oer ta de oarder fan de dei. De moasje wurdt oannommen met 9 stimmen foar (GB 2000, VVD, FNP) en 8 stimmen tsjin (PvdA, CDA). Side 6 beslutelist 15 maart 2005/iajb/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 76