3. Taspraak troch de foarsitter fan de fertrouwenskommisje, de hear A. J. de Vries (De hear De Vries jout by syn taspraak út en troch in oersetting yn it Nederlânsk. Nei ôfrin is der foar elkenien in Nederlânske oersetting beskikber) "In unanym beslút fan de fertrouwenskommisje, dêrnei in unanym beslút fan de Ried. En dat yn Boarnsterhim.... Hoe kin in nije Boargemaster hjir better út ein sette.... Itselde winskje ik in oare nije skipper ta. Aanst de earste wedstriid, op eigen wetter, yn Grou op de Pikmar, de skoaten strak, it brûs foar de kop...en... Winne! Yn beide gefallen is de earste slach wûn, en dat is de muoite wurdich! Beide skippers winskje wy dat fan herte ta. Ik bin bliid dat ik hjir hjoed wer stean mei. Hjoed om Ella Schadd-de Boer út namme fan de Ried fan Boarnsterhim te lokwinskjen en wolkom te hiten, as Boargemaster fan Boarnsterhim. Foar jo, foar ús gemeente en foar ús mienskip is dit in wichtich momint. Fansels wol ik jo man, Jan Schadd en jim bern, Alexander, Arnout, Esther, Noor en Jori en harren partners ek fan herte wolkom hite. Mar ek wol ik Mevrouw De Boer-van Zeumeren, mem en beppe, wolkom hite yn Boarnsterhim. Bliid dat ek jo hjir hjoed binne. De earste aksje fan de fertrouwenskommisje wie it opstellen fan de profylskets. Dêr ha wy as Ried it fûnemint lein foar de boargemaster dy wy ús winsken. En wy hiene nogal wat noaten op'e sang; wy woene in Boargemaster, Dy't koersbepale en netwurkje koe Dy't daadkrêftich en fleksibel wie Dy't sinjaalgefoelich wie en ynlevingsfermogen hie en dy't fisy útdrage koe en oer foldwaande transparantiefermogen beskikte. Net samar in Boargemaster, mar de béste boargemaster fan Nederlân. Wy ha doe mar besletten om ek in advertinsje yn de Volkskrant te setten, want ja, wês earlik, wy woene al wat kandidaten hawwe.... En dy kamen der. Kommissaris Nijpels presintearre 33 sollisitanten. Koartsein; wy moasten fan 33 nei 1 Ik sil jim de details besparje, mar wy ha as kommisje earst mei 9 sollisitanten praat. Dêrnei yn in twadde ronde nochris mei 4. Doe fierder mei de léste twa. Deskundigen op dit mêd ha wy frege efkes oer ús skouders mei te sjen. En doe ús beslút; Ella Schadd op nummer 1, unanym. As foarsitter fan de fertrouwenskommisje mocht ik de Ried wer tasprekke. Op 3 febrewaris, wat earder as pland, mar dêr wie in goeie reden foar. Ik hie in moaie boadskip; wy binne der- út en ha mar fertrouwen yn ús, want Boarnsterhim krijt in hiele béste boargemaster, miskyn wol de béste fan Nederlân. De Ried joech ús dat fertrouwen; in unanym beslút! Noch efkes werom nei de Ried. Fan 1 jannewaris óf hat dit skip in tydlike skipper hén, de hear Gerrit Jan Polderman. Dizze skipper luts wolris oan in oare skoat en sylde ek wolris mei in reef minder. Hy wie hjir net om op de winkel te passen, der moast wat barre! As beman ning moasten wy wenne oan de nije ynstruksjes en de soms wat nuvere slaggen. Mar it kaam goed, hoewol de weagen rûn "Akkrum Op Koers" noch wol efkes heech gongen. Hy fertsjin- net hjirfoar ús wurdearring en in wurd fan tank is ek op syn plak. Ja, ek foar Polderman wie it efkes "alle hens aan dek"; Akkrum op koers krije wie net sa ien- féldich. En dat is miskyn wol wat de polityk hjir yn Boarnsterhim typearret. Fan grutte ienrie- digens mei in protte wurden fan lof oant felle debatten, in ferdielde Ried, stikken yn de kran- te, krisissfear en ynwenners dy der neat mear fan snappe. Ek dat is Boarnsterhim. Dêrom wol dizze Ried in Boargemaster, in foarsitter; dy't stevich is, dy't romte jout foar it debat, dy't yngrypt as dat nedich is, dy't ús op koers héldt as wy ófdwale en diedkrêftich is. Mar jo moatte witte dat dizze Ried net wrokket, ek waarm is en gefoel foar humor absolút wurdearje sil. En ek dêrom binne wy bliid dat jo der no binne mefrou Schadd; der leit hjir in taak foar jo. In moaie mar ek wichtige taak. Side 2 04 Ferslach 15-04-2005/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 10