BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 12 april 2005 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries fan GB2000: de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: de hearen D. van der Meulen, G. de Jong, J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: de hear G.J. Polderman, mefrou E. Verkerk (VVD) en mefrou T.D. Troost-Akkerman (GB2000) 1lepenjen De hear Roorda, dy't dizze jûn de hear Polderman ferfangt, iepent de gearkomste en hyt elke- nien wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Dêr wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan de wurklist De hear Janse (FNP): De FNP hat in moasje yntsjinne en wol dy graach op de aginda. De hear De Vries (PvdA): Fan PvdA, CDA en FNP is der ek in moasje. Wol dy ek graach op de aginda. De foarsitter: De moasjes wurde as punten 11 en 12 oan de aginda taheakke. 4. It fêststellen fan de ferslaggen fan de gearkomsten fan 15 febrewaris 2005 en 15 maart 2005 It ferslach fan 15 febrewaris 2005: De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 15 maart 2005: De hear Janse (FNP): By punt 9 is de essinsje fan syn bydrage net goed ûnder wurden brocht. Hy Ijochtet yn it neikommende ta hoe't it neffens him wie: Wat foar kolleezje hat men dat de ried de mooglikheid ûntnimt om ynhâldlik oer de finansjele kaders fan Wergea-West te debatearen troch harren fertroulikens op te lizzen? Hokker ried hat men dat him dat ûntnimme lit. Fertroulikens wurket erchtinkendheid yn 'e hân, benammen as 04. Ferslach van 12 april 2005/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 3