dy fertroulikens net nedich is. De boarger is hjoed de dei erchtinkend nei de oerheid ta, be- nammen ek yn Boarnsterhim. Dat merkt men alle dagen. Men moat der alles oan dwaan om dat fuort te nimmen, mar mei dit punt spant men it hynder efter de wein. Omdat de boarger net wit wêroer't de ried ynhâldlik beslute moat, wol de FNP him fan stimming ûnthâlde. De FNP wol lykwols in moasje yntsjinje dy't de fertroulikens net skeint. In moasje omdat de FNP de grûnpriis benammen foar de Wergeasters te heech fynt. In amendemint kin net omdat men dan ynhâldlik derop yngean moat. Mefrou Dekker (PvdA): In ferslach hoecht net in wurdlike werjefte te wêzen, mar de essinsje moat wol goed werjûn wurde. Sy kin har fine yn it oandroegene fan de hear Janse. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wiziging goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. 6. Foarstel oangeande de bou-oanfraach en it frijstellingsfersyk smidderij (skuordoarren, skoarstienpipe en noardeastgevel) op it perseel Syl 5 te Terherne Mefrou Minkes (PvdA): De Onderbouwing fan it foarstel wie wat meager. Der wiene fan har kant yn de kommisje dan ek wat fragen. Dy binne foar in part wol oplost, ûnder oaren oer de namme Klinkhamer. It hat allegearre mei inoar lang ûnderweis west. It wie wol wat sleau dat it der in artikel 19 lid 3 proseduere op loslitten is, wylst in artikel 19 lid 1 proseduere fan ta- passing wie. Ek oangeande de miljeufergunning hat de gemeente net dúdlik west. It komt de oanfreger ta dat it no mei faasje oppakt wurdt. De ynspraak sil syn plak noch fine kinne yn de proseduere fan beswier en berop. De hear Van der Sluis (VVD): De fraach is oft de miljeufergunning no al of net goed is. Wethâlder Bouma: De ferliende miljeufergunning is yn oarder. De skoarstienpipe freget in pro seduere omdat it neffens guon minsken net kin. Mefrou Dekker (PvdA): Hoe skat it kolleezje dat yn? Wethâlder Bouma: Der moat in útspraak dien wurde en dy moat men ôfwachtsje. It kolleezje skat seis yn dat in miljeumelding foldwaande is. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Riedsfoarstel ta it ynstimmen mei de wiziging fan de mienskiplike regeling Hûs en Hiem De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta it beneamen fan kommisjeleden Hûs en Hiem De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel oangeande de fusy fan de iepenbiere basisskoallen yn Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 2 04. Ferslach van 12 april 2005/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 4