Foarstel ta it ôfhanneljen fan it beswierskrift rjochte tsjin it riedsbeslút om skeafergoeding ta te kennen fanwegen planskea artikel 49 WRO Aesgewei 15, Sibrandabuorren De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10.Mo asje FNP De hear Janse (FNP): It beslút fan it presidium is net fan tapassing op de eksploitaasje-opset fan Wergea-West. It presidium hat koartlyn besletten dat in eksploitaasje-opset yn in bepaalde foarm iepenbier wêze moat. It kolleezje en de ried is fierstente lichtfeardich oer de net- iepenbierens fan de stikken hinnestapt. De FNP hat yn syn krewearjen dêrfoar gjin stipe krige. De FNP wol dat punt dochs binnenhelje. Lést de moasje foar: "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 12 april 2005, Yn omtinken nimmende dat: 1de Ried yn har gearkomste fan 12 maart de eksploitaasjeopset fan Wergea-west fêststeld hat 2) de eksploitaasjeopset fan Wergea-West net iepenbier is 3) de boarger it rjocht hat tsjin in riedsbeslút yn berop te gean mar dat in boarger slim be swieren meitsje kin as de ynhâld fan in beslút net bekind is 4) by de fêststelling fan de eksploitaasjeopset fan Wergea-west de grûnprizen fêststeld binne 5) de troch de Ried fêststelde grûnprizen foar boukavels iepenbier hearre te wêzen 6) de eksploitaasjeopsetten oant foar koart iepenbier wiene, sjoch û.o dy fan bestimmingsplan Frisia 7) it presidium yn har gearkomste fan 30 maart 2005 besletten hat dat it kolleezje tenei de eksploitaasjeopsetten yn de foarm as dy fan Frisia iepenbier oan de Ried oanbiedt Draacht it kolleezje op foar Wergea-west in eksploitaasjeopset konform it beslút fan it Presidi um te meitsjen, dit foar alle boargers op besjen te lizzen ta beskikking fan alle Rieds- en Kommisjeleden en PB Wergea te stellen. En giet oer ta de oarder fan de dei." De hear Hemminga (GB): Wat stelt de FNP-fraksje har dêrfan foar as in boarger beswier mak- ket tsjin de grûnpriis? De hear Janse (FNP): It giet net allinne om de grûnpriis, mar om it beswier meitsjen tsjin de hiele ynhâld fan it beslút. De hear De Vries (PvdA): Hat in fraach oer punt 7 fan de moasje. It wurd "tenei" yn punt 7 betsjut neffens him dêrnei. Dan soe it dus net fan tapassing wêze op Wergea-West. De hear Bouma (VVD): Yn de praktyk sil sa'n beswier fan de boarger tsjin de grûnpriis net- ûntfanklik ferklearre wurde. De hear Janse (FNP): "Tenei" betsjut hjir 'voortaan'. As men de ynhâld net kin, hoe kin de boarger dan beswier meitsje? Dêr rjochtet er syn beswier no krekt op. Wethâlder Jonkers: De FNP wil wat binnenhalen volgens haar eigen woorden. Het college heeft een toezegging gedaan. Men zou met een memo komen. Het memootje is bij het presi dium gekomen en dat heeft daar goedkeuring gekregen. De memo hield in dat men op hoofd lijnen informatie krijgt. Een raadslid dat vertrouwelijke informatie op detailniveau wil hebben kan daarover contact opnemen met de projectleider. Het is niet handig dat alle partijen van tevoren precies weten wat men er voor over heeft. In hoofdlijnen komt men wel tegemoet aan de vraag van de FNP. De raad heeft al een besluit genomen over de exploitatie. Met te- Pagina 3 04. Ferslach van 12 april 2005/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 5