rugwerkende kracht lijkt het college niet zo zinvol omdat dit veel tijd en geld zal kosten. Ont raadt de motie. De hear Janse (FNP): It giet derom dat it stik no net iepenbier is. PB Wergea wit de grûnpriis Wethâlder Bouma: By in sitting yn it doarp hat sy yn de iepenbierheid de gemiddelde priis neamd. De hear Janse (FNP): Mar net de grûnpriis foar de ûnderskate kavels seis. Betûfte amtners hawwe it yn ien dei foar inoar. Men hoecht mar de eksploitaasje fan Frisia yn te sjen en it dan foar it projekt yn Wergea yn te foljen. De foarsitter: Op fersyk fan de PvdA wurdt de gearkomste koart ûnderbrutsen foar beried. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it wurd oan mefrou Dekker. Mefrou Dekker (PvdA): Wol de reaksje fan de FNP earst ôfwachtsje. De hear Janse (FNP): It stik yn it presidium is op fersyk fan de FNP fia de griffier ynbrocht en dy hat de hear Wind frege in notysje te meitsjen en op grûn dêrfan hat it presidium beslist. De foarsitter: Freget alle fraksjes hoe't men oer de moasje tinkt. De hear De Vries (PvdA): De PvdA fynt it sinfol om de eksploitaasje-opset op in oare wize op te pakken. Mar wol net alles opnij oerdwaan foar Wergea-West. De foarsitter: Mei 2 stimmen foar fan de leden Janse en Bijlsma en 1 3 stimmen tsjin wurdt de moasje fersmiten. 11 .Moasje PvdA, CDA en FNP De hear De Vries (PvdA): De oanlieding foar de moasje is de ôfwizing fan it subsydzjefersyk fan de Stichting lepenloftspul Wergea troch it kolleezje. It kolleezje hat op himsels de subsyd- zje-feroardering korrekt tapast, want it is gjin ienmalige aktiviteit. It iepenloftspul yn Wergea hat bysûndere, artistike kwaliteiten, mei in protte ynset fan frijwilligers en mei in protte pu- blyk. Men wol mei de moasje de mooglikheid jaan om ek foar net-ienmalige aktiviteiten in subsydzje takenne te kinnen. De subsydzje fan de gemeente kin soms ek in betingst wêze foar it krijen fan subsydzjes út in oare hoeke. Men hat wat oer it tal taskôgers sein en oer de kwaliteit om dochs wat fan in ôfwagingskader te jaan. Men tinkt dat yn it budzjet noch wol jild sit en oars kin it út de pot ûnfersjoen. By de maitiidsnota soe men sjen moatte oft in strukturele ferheging fan it budzjet op syn plak is. Dêrop kin men foar dit jier net mear wachtsje. "De Raad van Boarnsterhim, bijeen op dinsdag 12 april 2005, In overweging nemende dat: Het College van B&W de aanvraag van De Stichting lepenloftspul Wergea voor een subsidie van 2.500,00 euro op grond van de door de Raad van Boarnsterhim vastgestelde subsidieverordening heeft afgewezen. Dit vanwege het feit dat het lepenloftspul Wergea geen eenmalige activiteit is en de aanvraag daarom niet binnen de kaders van deze verordening past. De Raad over een instrument wil beschikken om ook culturele activiteiten die nu buiten het kader van de verordening vallen toch te kunnen waarderen met een subsidie. Juist om Pagina 4 04. Ferslach van 12 april 2005/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 6