BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de bysûndere gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op freed 15 april 2005 om 15.00 oere yn de Sint Pitertsjerke, Kerkstraat 4 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Roorda (vice-foarsitter) mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten en A.J. de Vries fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: de hearen D. van der Meulen, G. de Jong en J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: de hearen G.J. Polderman en de hear J. Hemminga (GB2000) 1lepenje De foarsitter iepent dizze bysûndere riedsgearkomste foar de ynstallaasje fan de nije boarge master. Hy hyt elkenien wolkom, yn it bysûnder mefrou Schadd-de Boer, har man, bern, mem en fierdere kunde. Mefrou Schadd-de Boer wurdt boargemaster yn in Frysktalige gemeente. Yn de ried wurdt foar it grutste part it Frysk brûkt. De nije boargemaster is ree om har it Frysk oangeande it ferstean en praten eigen te meitsjen. Hy ropt dan ek elkenien op him of har net te gau te fer- brekken yn in petear mei de boargemaster. Fanwegen it feit dat in protte oanwêzigen it Frysk net yn de macht hawwe, fettet de foarsitter syn wurden no en dan yn it Nederlânsk gear. De foarsitter refereart op dizze gearkomste oan in tal útspraken út de ynboargeringsgids foar nij ynkommen bewenners fan Fryslân, û.o. in sitaat fan de kommissaris fan de keninginne, de hear Nijpels, 'dat men zich zo thuis gaat voelen in Fryslân, dat men nooit meer weg wil.' Yn it koart stiet er stil by de skiednis fan de Sint Pitertsjerke. Mefrou Schadd-de Boer sit no op de stoel dy't eins allinne foar Sint Piter ornearre is. De tsjerke stamt út de 1 2e ieu en hat ûnder mear tsjinst dien as rjochtshûs (mei finzenis) en letter as konsistoarje. De beëdiging fan de nije boargemaster hat de wike dêrfoar plakfûn en no aanst sil de offisjele ynstallaasje plakfine. Hy hopet op in noflike gearsit. 2. Ynkommen stikken De foarsitter: Der is ien ynkommen stik, it Keninklik Beslút fan 18-03-2005, ynhâldende de beneaming fan de boargemaster fan Boarnsterhim. Griffier Frensel: Lést it beslút foar. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried ynstimt mei it foar kennisnimming oannimmen fan it Ke ninklik Beslút. 04 Ferslach 15-04-2005/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 9