It fytspaad Tútsebrêge: Der is 38.000 euro struktureel oer. Kapitalisearre en mei oanfolling oant sa'n 8 ton kin men in hiel stik oanlizze. It fytspaad nei Fonejacht soe koarter kinne en troch de besparring dêrop soe men genôch jild genereare kinne om it totale fytspaad Grou- Warten oanlizze te kinnen. Hoe wol it kolleezje omgean mei de ferheging fan de kades? Yn de Bûtlânswei is in drompel oanbrocht dy't in protte wjerstân opropt. De hear Van der Meulen (CDA): De gemeente hat in heech ambysjenivo. It kolleezje jout oan dat men oan de grinzen fan de kapasiteit sit. Hy wol graach witte wat men no wol en wat men net oankin. De ekonomy yn Nederlân rint net al te bést. Men moat lykwols dochs ynven- tariseare yn Boarnsterhim. Bedriuwen moatte fasiliteard wurde om wurkgelegenheid Ontwik- kelje te kinnen. Men moat by de bedriuweterreinen alles op alles sette om dér saken op gong te krijen. It is tryst dat it Aquaverium net sa goed rint en der binne ek klachten dat der yn it sintrum fan Grou minder besikers komme. It moat oantrekliker makke wurde, û.o. troch de Ontwikkeling fan it Wetterfront. De oerheid moat positive ympulzen jaan om de oantreklikens te fergrutsjen. De tsjinstferliening (fergunnings) soe better kinne. Men moat miskien wolris wat wetter by de wyn dwaan om de gemeente ek foar oannimmers oantreklik te hélden. Der stiet hiel wat op priemmen (Akkrum op Koers en it swimbad). De ynwenners fan de gemeente moatte ek har ferantwurdlikheid nimme. Wat moat men mei de tige ferskillende wurdearringen- yn de doarpen? It it faak in saak fan kommunikaasje en dat kin better en miskien moatte dér mear minsken op ynset wurde. It is goed om de risiko's fan de Baai mei te nimmen. It kollee zje hat dúdlik oanjûn hoe't it Fryske Marreprojekt yn elkoar stekt. De gemeente en de Onder- nimmers kinne der profyt fan hawwe. De hear Janse (FNP): De ried moat dochs ek keuzes meitsje kinne moatte oer de punten fan it Fryske Marreprojekt? De hear Van der Meulen (CDA): It kolleezje hat út de doeken dien wat de meast realistyske projekten binne. Hy hat dér betrouwen yn en men sil der fierdere ynformaasje oer krije. Der foei mei it CDA oer te praten om in eventuele, lytse ferheging fan de OZB om in swimbad mooglik te meitsjen. Hy nimt dy wurden werom op grûn fan in publikaasje fan de VNG en de ferwachting fan de útkomsten fan de maaie-sirkulêre. De mienskip wol der miskien wol fi- nansjeel oan bydrage. Men is akkoart mei it foarstel oangeande de fytspaden. De gemeente moat de grûn oan de Hôflânswei oankeapje. De hear De Vries (PvdA): Ekonomysk sit Nederlén yn in dip. It kabinet is dwaande mei besunigingen en dat wurdt ek foar de ynwenners fan Boarnsterhim fielber en dêrom moat der gjin ferheging fan lésten komme. De keuzes moatte ynsichtlik makke wurde. Ynvestearringen moatte trochgean. De sektor toerisme is foar Boarnsterhim tige wichtich. Yn it Wetterfront lizze in tal kénsen. De PvdA hat soarch oer de Ontwikkeling fan de wurkgelegenheid yn de gemeente. It klimaat foar de Ondemimmers moat goed wêze. Men kin lykwols net fan alle be- liedsregels ófstappe. Der leit in ynspanningsferplichting foar it Ontwikkeljen fan in yntegraal feilichheidsbelied. Men moat gjin belied Ontwikkelje om dér fierder gjin ynfolling oan te jaan. It kolleezje sit mei de Baai op de goede wei, de reserve moat fersterke wurde sa't it kolleezje foarsteld hat. Is de 50.000 euro ekstra foar ûnkrûdbestriding no alles wat der fan de doarpsfisy's oerbli- uwt? Men wol it bedrach ynsidinteel beskikber stelle. Der wurdt foarsteld om foar 2007 in nije pot te foarmjen. Soe men net alderhanne potsjes oansprekke kinne en de plannen oan de ried foarlizze kinne? Men kin in tal beliedskaders ferfalle litte en nije Ontwikkelje. Doarpsbehe- ar soe derby in plak krije kinne. Tersoal en Warten hawwe spesifike problemen mei de doarpshuzen. It soe net goed wêze om yn 2006 yn Warten net los te kinnen. De PvdA fynt de wurkwize oangeande it Fryske Marreprojekt yn oarder. Der is in list foarlein fan realistyske projekten. It gehalte Grou/Akkrum is wol tige grut op de shortlist. Ek foar de oare doarpen Pagina 9 04. Ferslach 13-06-2005/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 10