Wethâlder Jonkers: Dat klopt. Het was budgetneutraal opgezet. Men kwam later uit op 1 50.000 euro uit. Wethâlder Jonkers: Doe hat de ried tasein dat der foar de 113.000 euro in oplossing binnen Grou in Beweging socht wurde soe. Wethâlder Bouma: It is noait tasein dat it hielendal op nul útkomme soe. De hear Bijlsma (FNP): It is tasein dat de 113.000 socht wurde soe yn Grou in Beweging. Men hat nea berjochten hân dat dat net slagge is. Wethâlder Van den Berg: Der is sein dat it kolleezje in ynspanningsferpichting hie om it bud- zjetêr neutraal yn te foljen. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): It Wetterfront: Wêrom moat der sa'n futuristyks havengebou komme? It projekt kin in yn lytsere foarm miskien wol realiseard wurde. De ried is noch mar ien kear ynformeard oer it Fryske Marreprojekt. Binnen de ûndernimmers tinkt men net alhiel gelyk oer it advys fan it MKB. De VVD fynt dat men by it Fryske Marreprojekt better op wat lytsere projekten ynsette kin. Men hat de korrespondinsje sjoen fan de earste oanfreger fan de golf baan. Sy koenen oan fiif wichtige punten foldwaan. Wethâlder Bouma: Dat wie ien fan de minsken dy't him oanmeld hie foardat de regels fêst- steld wienen. Der wie ek al earder ien dy't belangstelling toand hie. De hear Bouma (VVD): Dan hie de oanfreger op de hichte hâlden wurde moatten. Dy hat it idee dat er oan it lyntsje hâlden wurdt. De 275.000 euro is beskikber foar it fytspaad Wergea. Der waard earder gjin keppeling mak ke fan de 38.000 euro mei it ûnderwiis. Dat bedrach hie de VVD kapitaliseare wollen. De kânsen op de totale realisaasje soenen dêrtroch tanimme. Der is wol in relaasje mei it ûnder- wiis: de OSG soe ek mear learlingen krije kinne as it fytspaad der is. Mei de rûte lâns de Mea- gere Wei kin men jild besparje op it fytspaad Fonejacht. No noch gjin 224.000 euro ófboeke fan de algemiene reserve. It kolleezje moat besykje earst noch wat te besunigjen. De VVD is akkoart mei de Baai, it swimbad en it yntegraal feilichheidsbelied. Net akkoart mei de doarps- fisy. Oangeande de pont: men moat weromgean nei de partijen. Foar it parkearen is in ôf- spraak makke mei Coltavast dy't 50 plakken realiseare soe. Dy romte moat earst brûkt wur de. De hear Van der Meulen (CDA): Hy snapt net hoe't it fytspaad nei Fonejacht koarter kin. De hear Bouma (VVD): Men makket foar in diel gebrûk fan in besteande dyk/boerereed. De hear Van der Meulen (CDA): Dan riidt men in ein om as men fan Warten nei Garyp fytse wol. Wat binne de kearntaken neffens GB? De hear Van der Meer (GB): Er is beloofd dat men een avond daarover beleggen zou. De hear Van der Meulen (CDA): It CDA krijt tal fan ferskillende lûden fan de doarpsfisy's. Der moat goed oerlis bliuwe. It kolleezje jout oangeande it Fryske Marreprojekt en de klassike skippehaven noch genóch romte oan de ried. De keninklike besite moat wol in mooglikheid wêze om Grou weardich op de kaart te setten. Hy wol graach in helder byld hawwe fan de Pagina 13 04. Ferslach 13-06-2005/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 14