kapasiteit fan de amtlike organisaasje. Der binne noch wol sinjalen dat de fergunningferliening noch wolris wat heakket. It kolleezje moat mei Warten oan tafel gean om te sjen wat der te realisearen is. Tersoal is in foarbyld fan kommunikaasje dy't dêr net goed rûn is. Soe men der net mear op ynsette moatte, ek yn finansjele sin? Men moat mei faasje yn Grou oan de slach. De hear De Vries (PvdA): Men hat wol in byld hoe't de kommunikaasje yntern regele wurde kin. It sil bliuwend omtinken hawwe moatte en miskien moat der yn finansjele sin ek wat oan dien wurde. De PvdA wol de lésten fan de boargers net ferheegje. Om de 150.000 euro foar it swimbad te dekken soe de OZB mei 5% omheech moatte. As men ta dy 150.000 euro be sluit moat men oanjaan wat men net docht. De PvdA sil dêrta twa moasjes yntsjinje. Men moat de grûn ferwerve foar it fytspaad Hôflân-Tútsebrêge. Pas oanlizze as men it yn ien kear dwaan kin. Wat kin men no mei de beskikbere middels foar de feilichheid dêr dwaan? Wiist derop dat it in mearderheidsstânpunt fan de PvdA is. Hoefolle prosint taryfsferheging is foar de pont wol helber? De hear Van der Meulen (CDA): Wat is in reedlike taryfsferheging foar de pont? De hear De Vries (PvdA): In 100% ferheging kin net, mar wat wol? De PvdA wol wat mear- dúdlikheid oer de status fan it konvenant hawwe. De keninklike besite moat goed, sûnder toe ters en bellen, útfierd wurde. Dat kin net allegearre út de post ûnfersjoen betelle wurde. It swimbad mei net leide ta ferheging fan lesten foar de boarger en wol men al jild beskikber stelle dan moat goed dúdlik wêze wat dan net trochgean kin. Akkoart mei it feilichheidsbelied en de Baai. Men stimt yn mei de 224.000 euro dy't ûntlutsen wurdt oan de algemiene reserve. Ek ynstimming mei de ferheging fan de toeristebelesting. De PvdA fielt foar in risikofûns foar de projekten yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Mefrou Troost (GB): Zij heeft niet zozeer kritiek op het veiligheidsbeleid, maar heeft een op merking daarover willen maken. GB is ervoor een eigen budget aan de dorpen te geven. Is het haalbaar om een eenvoudige zelfbedieningspont over de Tynje aan te leggen? GB denkt dat het college goed weet hoe men de koningin moet ontvangen. Er zou meer synergie door mid del van samenwerking met andere gemeenten kunnen komen. GB blijft een voorstander van het aanleggen van het fietspad Hôflân-Tútsebrêge. De verhoging van de toeristenbelasting is voor GB akkoord, mits de opbrengst gebruikt wordt voor voorzieningen voor toeristen. Met de drie punten van het besluit is men akkoord. De hear Bijlsma (FNP): It jild foar de projekten wurdt foarlopich earmerke. It komt dan letter werom en hy nimt oan dat der dan beslútfoarming plakfynt. De FNP kin him net folslein ferie- nigje mei de foarleine list. Ynhâldlik moat it net as in hapkleare brok foarlein wurde. Stimt men no yntegraal yn mei de projekten en middelen fan it Fryske Marreprojekt? Itselde jildt foar de ûnkrûdbestriding. Men soe graach yn de hjerst wat mear helderheid hawwe wolle wat der no krekt mei de doarpsfisy's bart. As de ton net by de pont te heljen is. Wat is der dan wol mooglik? Wat betsjut it as it konve nant iepenbrutsen wurdt? Men wol in totale opset sjen fan Grou in Beweging. De FNP hat it gefoel dat it swimbad no as in los projekt stiet. De FNP komt oangeande it swimbad mei in amendemint. De opbringsten út de Flellingshaven en it Riedhûs brûke foar de dekking. Ek de mooglike stipe fan de mienskip dêrby belûke. It doarpshûs yn Aldeboarn is yn it ferline wol opknapt en men hat dêrby subsydzje misrûn. Dêr kin men no ek fan ien euro twa euro meitsje. It kolleezje soe ek de winsken fan Tersoal honoreare moatte. De FNP fertrout derop dat de wethâlder goed omgiet mei de problematyk yn Warten. It jild dat der is troch it net trochgean fan it fytspaad by de Steande Mêst-rûte del Pagina 14 04. Ferslach 13-06-2005/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 15