Wethâlder Van den Berg: It kolleezje fynt amendemint 1 hiel helder. De strekking is of de yn- wenners rekkenje meie op in swimbad as der gjin ferheging fan lesten komt. Amendemint 2 hat ek mei de fierdere diskusje te meitsjen. It kolleezje is nijsgjirrich hoe't it proses wêze sil. De hear De Vries (PvdA): It swimbad mei der neffens de PvdA wol komme, mar sûnder leste- ferheging foar de boargers. As men it dêroer iens is, dan moat men oanjaan wêr't men it jild weihelje wol. Oare organisaasjes en persoanen kinne dan eventuele beswieren ynbringe. Dan is it in yntegraal beslút. Wethâlder Van den Berg: By in beslút oer amendemint 3 kin men dat sjen yn it Ijocht fan amendemint 2 en 1It soe ien fan de mooglikheden foar dekking wêze kinne. Amendemint 4: De jilden binne weromgien nei de besteande budzjetten neffens de beliedsline fan de ried. De 24.000 euro dy't frijfalt by it mearjierrenynvestearringsplan soe it kolleezje by de begrutting besjen wolle. It kolleezje ûntriedt dêrom it amendemint. De hear Bijlsma (FNP): De 24.000 euro ferkapitaliseard jout in bepaald bedrach oan. Dat as bestimmingsreserve brûke foar it takomstige fytspaad. Wethâlder Van den Berg: Der soe it kolleezje by it mearjierrenynvestearringspan by de begrut ting opnij nei sjen wolle. De hear Van der Meulen (CDA): Hoefolle is der no krekt en wat docht men dêrmei? Dêroer moat it kolleezje by de begrutting helder wêze. De hear Bijlsma (FNP): Betsjut dat dat de titel fytspaad Grou-Wergea feroare wurdt yn fytspaad Hôflânwei-Tútsebrêge-Warten? Wethâlder Van den Berg: Dat kin it kolleezje oernimme oant de diskusje oer it mearjierrenyn vestearringsplan. De ried giet oer it mearjierrenynvestearringplan. De hear Bijlsma (FNP): As dat sa is dan wol men amendemint 4 ynlûke. Wethâlder Van den Berg: It kolleezje seit dat ta. It jild sil dêrfoar earmerke wurde. Der binne in tal opmerkingen oer de pont makke. It kolleezje komt der op werom mei ynsicht yn eventuele gefolgen. Nei de begrutting 2006 sil der struktureel helderheid oer wêze moatte. De foarsitter: Bringt de amendeminten yn stimming. De hear Van der Meulen (CDA): Freget oft men mei ien amendemint komme kin. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste koart om de fraksjes gelegenheid ta beried dêroer te jaan. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Hy hat begrepen dat men net ta ien amendemint komme koe. Bringt amendemint 1 yn stimming. De hear Van der Meulen (CDA): Is tsjin. Men kin op dit momint net sizze dat de lésten net stige kinne. Men wol noch mooglikheden iepenhâlde. De hear De Vries (PvdA): Is foar. Men wol net troch it bouwen fan it swimbad de lésten fer- heegje. Pagina 16 04. Ferslach 13-06-2005/absh/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 17