De foarsitter: Mei 9 stimmen foar en 5 stimmen tsjin wurdt amendemint 1 oannommen. Tsjinstimt hawwe de leden Bouma, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen en Van der Sluis. Bringt amendemint 2 yn stimming. De hear Van der Meulen (CDA): Is tsjin, want it is de taak fan de ried om altyd dúdlikheid te jaan. De hear De Vries (PvdA): Is foar, omdat men de minsken de gelegenheid jout om te reagea- ren. De foarsitter: Mei 9 stimmen foar en 5 stimmen tsjin wurdt amendemint 2 oannommen. Tsjinstimt hawwe de leden Bouma, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen en Van der Sluis. Bringt amendemint 3 yn stimming. De hear Van der Meulen (CDA): It is oan it kolleezje om mei in goed foarstel nei de ried te kommen. Is dêrom tsjin. De hear De Vries (PvdA): Hy is it mei it earste part fan it amendemint iens, mar hy wol graach- in yntegraal beslút nimme. Hy nimt oan dat de middelen yn novimber beskikber binne. Hy is dêrmei op it amendemint tsjin. De foarsitter: Mei 3 stimmen foar en 11 stimmen tsjin wurdt amendemint 3 fersmiten. Foar- stimt hawwe de leden Bijlsma, Dekker en Janse. Leit de besluten fan side 25 foar (mei ynachtnimming fan resultaat fan eardere amendemin- ten). Sûnder fierdere diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel beslet- ten. Leit de beslúten fan side 26 foar. De hear Bouma (VVD): De VVD is tsjin ûnderdiel 1Geandewei it jier sil it kolleezje sjen moat- te nei mooglikheden fan besuniging. De hear Bijlsma (FNP): Wol graach witte wat op dit stuit yn de post ûnfersjoen sit en hoefolle der nedich is. Wethâlder Van den Berg: Yn de pot sit no noch 44.000 euro. Sy kin net sizze hoefolle foar de keninklike besite dêrút brûkt wurde sil. De hear Janse (FNP): As der komt te stean 'uit het budget' yn pleats fan 'van het budget' dan soe de FNP dêrmei ynstimme kinne. De foarsitter: De tekst kin no net mear oanpast wurde. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Bringt it beslút fêststelling taryf toeristebelesting yn stimming. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan it beswierskrift tsjin de wegering om frijstelling te ferliene foar it oprjochtsjen fan in opfok- en ôfrjochthal op it perseel Buorren 1 te Tersoal De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 17 04. Ferslach 13-06-2005/absh/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 18