9. Foarstel oangeande de slutingstiden fan de 'wiete' hoareka De hear Bijlsma (FNP): Der wurdt in begeliedingsgroep ynsteld dêr't de hoareka seis ek yn fertsjintwurdige is. Hoe ûnôfhinklik is sa'n groep? De hear Bouma (VVD): Tinkt der ek sa oer. It rapport fan STAP derby belûke. Mefrou Dekker (PvdA): Der is wiidweidich yn de kommisje oer de matearje praat. It sil by de evaluaasje skerp en soarchfâldich besjoen wurde. Wethâlder Bouma: De evaluaasje sil ek út de begeliedingsgroep komme. Men sil de opmerkin gen fan de sprekkers meinimme. De foarsitter: Bringt it foarstel yn stimming. De hear Bouma (VVD): Is tsjin it foarstel. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel om it jierferslach learplichtwet 2002-2003/2003-2004 fêst te stellen De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it beneamen fan in 2e loco-griffier De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel ta it fêststellen fan it miljeuferslach 2004 en it milieuprogramma 2005 De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút Prikwei te Aldeboarn De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel ta it ynstimmen mei it mearjierreprogramma bestimmingsplannen, evaluaasje 2004 en útfieringsprogramma 2005 De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach en it frijstel- lingsfersyk foar it feroarjen/fergrutsjen fan it gemeentehûs op it perseel J.W. de Vis serwei 10 te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel om yn te stimmen mei de rjochtlinen MER Aardgastransportleiding Grijpskerk- Wieringermeer De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 18 04. Ferslach 13-06-2005/absh/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 19