BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hélden op moandei 13 ju- ny 2005 om 13.30 oere yn de kantine fan it gemeentehûs, J.W. de Visserwei 10 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Floogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J. Roorda, J.R. Soe- ten en A.J. de Vries fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman en de hear S. van der Meer fan de VVD: de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: de hearen D. van der Meulen, G. de Jong en J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear FI.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou P. Schadd-de Boer, mefrou E. Verkerk (VVD), de hearen J. Hem- minga en N, Boringa (GB2000) 1lepenjen De foarsitter hyt alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. Hy ferfangt de boargemaster dy't op begraffenis is fan in goede freon. Hy lokwinsket de hear Bouma mei de berte fan in dochter. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Mefrou Van der Werff (punt 7): Sy sprekt út namme fan it bestjoer fan Dorpbelangen Warten. Sy giet yn op it Programma Leefberheid yn de doarpen en dan benammen oangeande de doarpshuzen. DB hat in brief oer de Ontwikkeling yn Warten nei ried en kolleezje stjoerd. In doarp as Warten kin net sûnder in doarpshûs. Oant no ta wie dat yn it Wapen fan Warten. Dat is ynkoarten net mear mooglik. Betsjut de formulearring yn de foarjiersnota dat Warten gjin doarpshûs krijt? As dat sa is dan soe de formulearring oanpast wurde moatte yn dy sin dat dy mooglikheid der wol bliuwt. As de formulearring gjin barrière foar in nij doarpshûs is dan dit ek sadanich fêstlizze. Oangeande Programma Ferkear, ferfier en fysike ynfrastruktuer: De gemeente hat ferplichtin- gen en tasizzingen dien oer realisaasje fan fytspaden fan Warten nei Fonejacht en akwadukt. Men hat suggereard dat men de middelen brûke wol foar it fytspaad Idaarderhoeke, Tútsebrê- ge. Men wol as PB graach in fytspaad dat hielendal oan Warten tarint. Men hâldt fêst oan de earste twa fytspaden: nei Fonejacht en akwadukt. Men kiest net foar in heal fytspaad. Mefrou Boon (punt 9): Zij spreekt namens de ANDO-afdeling Boarnsterhim. Men heeft in Ne derland te maken met een alcoholprobleem. Vooral onder de jongeren is het drankgebruik erg toegenomen. De gemeentebestuurders hebben hiervoor ook een verantwoordelijkheid. Beper king tijdstippen verkoop en verkooppunten, e.d. worden gezien als effectieve maatregelen. Het meer en langer beschikbaar stellen van alcoholische dranken zal tot een toename van problemen leiden. De verruiming van de sluitingstijd tot 5 uur in de natte horeca is volgens de ANDO niet verantwoord. 04 Ferslach 13-06-2005/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 2