Zij biedt een model aan voor sluitingstijdenbeleid en uitgaansbeleid. Het model maakt gebruik van nulmeting van de lokale situatie en is gebaseerd op wetenschappelijk onderzoek. Op basis van gegevens wordt een beleid opgesteld. STAP wil met dit model de gemeente een onder steuning geven voor het uitvoeren van een goed beleid. Verzoekt van punt 9 een B-stuk te maken. 3. It fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Freget oan de ried ek omtinken te jaan oan it fersyk fan mefrou Boon. De hear Bouma (VVD): De VVD soe der wol in B-punt fan meitsje wolle. De hear Bijlsma (FNP): Krektsa. De foarsitter: Stelt fêst dat de oare fraksjes dêr ek mei ynstimme en dêrmei wurdt punt 9 in B-stik. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 10 maaie 2005 De foarsitter: Syn namme ûntbrekt yn de list fan oanwêzigen. De foarsitter: Mei dy oanpassing wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken Punt 16 Mefrou Dekker (PvdA): De fraksje hat deselde soargen as de Business Club Grou. Net alles moat bûten it sintrum komme en it kolleezje moat dêr omtinken oan jaan. Punt 11 De hear Janse (FNP): Men kin ynstimme as it kolleezje posityf beslút oer it Tomke-projekt 2006. By in negatyf beslút wol de FNP it graach yn de kommisje beprate. Punt 12 De hear Bouma (VVD): De antwurden fan de fragen fan de FNP oer it swimbad binne helder. Mar it fernuvert him dat pas op 30 maaie de antwurden op de ienfâldige fragen fan 11 maaie kommen binne. Wethâlder Bouma: De opmerking fan de hear Janse oer punt 11 wurdt meinommen. As de gemeentelike wurkpleats in oar plakje krijt, dan moat it bestimmingsplan faaks oanpast wur- de. It berjocht yn de krante oer in bepaalde ynfolling fan it plak komt net fan it kolleezje. As it oan it oarder komt, sil de ried dêrfan op de hichte steld wurde. Der is in protte wurk (ek mei it beäntwurdzjen fan fragen) en dêrom duorret it miskien wat langer. 6. Foarstel oangeande de Jierstikken 2004 De hear Bijlsma (FNP): De jierrekken is in ferantwurding achteróf. As de ferkeap fan grienstro- ken net sa heech west hie dan hie it tekoart noch folie heger west. De ried soe oer de oers- kriding earder op de hichte steld wurde moatte. Men moat no ymplisyt dêrmei ynstimme dat jild fan de Steande Mêst-rûte oerhevele wurdt nei Grou Noard. Dat is te koart troch de bocht en net transparant. It kolleezje hat al 76.000 mear oan it Wetterfront yn Grou útjûn as de 68.000 dy't de ried yn novimber beskikber stelde. Der wie in ynvestearringsstop. De 76.000 moatte by it tekoart ferantwurde wurde. Yn 5 jier tiid moat der in besuniging fan 540.000 op it amtlik apparaat plakfine. Der is no troch it ynhieren fan tredden in negatyf re sultaat fan 293.000. Dat is net neffens it belied fan ynhieren fan tredden. De akkountant docht it advys om prioriteit te jaan oan de ûnderdielen ynkeap, oanbestegingsbelied, aktivea- Pagina 2 04. Ferslach 13-06-2005/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 3