rings- en ôfskriuwingsbelied en de nota reserves en foarsjennings om oan de eask fan rjocht- mjittichheid te foldwaan. Dit kolleezje soe dat advys oernimme moatte. It Grou- en Akkrum- gehalte is te heech. It is in omisje dat der gjin mear omtinken is foar de doarpsfisy's. It jierfer- slach is al printe foardat it fêststeld is. De FNP pleitet dêrfoar om dat pas te dwaan neidat it konsept fêststeld is. It alderslimste is dat it jierferslach allinne yn it Nederlânsk skreaun is en net twatalich lykas earder it gefal wie. It past ek net nei de moaie wurden oer it Frysk by de ynstallaasje fan de nije boargemaster. Dêrom tsjinnet de FNP in moasje hjiroer yn. Hy lést de moasje foar. "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, by elkoar op 13 juny 2005 en gear oer wurklistpunt 6 (de jierstikken 2004), oerwaagjende dat: de Fryske taal in wichtich ynstrumint is yn de omgong fan de riedsleden Onderling en tus- ken de ried, it kolleezje en it amtlik apparaat yn de bestjoerskultuer fan Boarnsterhim de Fryske taal in wichtich plak ynnimt it belied Fryske taal en kultuer earder stal jûn waard mei Onder oaren in twatalich - jierfer slach, yn ien boekwurk Os ynwenners de Fryske taal wichtich fine yn de kommunikaasje mei de gemeente it jierferslach represintatyf is foar it wurk fan de gemeente Boarnsterhim, draacht it kolleezje op om ek it jierferslach 2004 twatalich út te bringen en giet oer ta de oar der fan de gearkomste" De hear Bouma (VVD): It jierferslach is te algemien skreaun en faach. Wat wurdt der dien as bepaalde posten oerskriden wurde? It is lestich kontrolearber. It giet benammen om de kredi- ten en de bewaking en de transparânsje lykas ek troch de akkountant neamd is. It BOBOB is yn 2003 net kontroleard. Men hat doe fragen steld oer de risiko's dêrfan.Yn 2004 is it oan de oarder kommen mei as gefoich dat no ienmalich 355.000 euro ôfboekt wurde moat. Dêroer wol de VVD fan it kolleezje opheldering. De BOBOB hat in foars eigen fermogen en dêr sit noch wol wat rek yn en hoecht net alles op it boardsje fan de gemeente dellein te wurden. Fan de aksjepunten fan de akkountant is noch net folie telâne kommen. Sa is noch net in groeiprojekt ûntwikkele. Men moat dêr neffens de akkountant in bepaalde noarm foar fêstlizze yn in kontrôleprotokol. Men hat in plan fan oanpak nedich foar de bewustwurding fan de ferskillende budzjethâlders en dat moat troch it kolleezje opsteld wurde. It noarmekader fan de VNG soe de VVD oernimme wolle. De ûnderdielen ynkeap, oanbestegingsbelied, aktivea- rings- en ôfskriuwingsbelied en de nota reserves en foarsjennings moatte omtinken krije. It systeem fan ynterne behearsking: Der moat in bepaald nivo oanwêzich wêze en dat wie der neffens de akkountant noch net yn 2004. De opmerkings, dy't net allegearre nij binne, sille better troch it kolleezje útfierd wurde moatte. De hear Van der Meer (GB): De incidentele inkomsten dekken eigenlijk een gat in de begro ting. Het wordt zoeken in en werken met details en niet het zoeken naar fouten in de begro ting zoals over GB ten onrechte gesuggereerd wordt. Het negatief resultaat van 83.000 euro komt o.a. door posten die een goede analyse vragen. GB heeft antwoorden op haar vragen gekregen en kan met enige kanttekeningen de jaarrekening 2004 accepteren. Bij de accepta tie merkt GB op dat de algemene reserve 23.000 euro (door een onjuistheid in de activa van Tusken de Marren) lager is dan in de jaarrekening vermeld. Men neemt aan dat deze onjuist heid in 2005 wordt gecorrigeerd. Er is een risico bij het invoeren en overnemen van de stich ting Tusken de Marren met een balansreserve van bijna 5.000 euro. De hear De Vries (PvdA): De PvdA-fraksje hat wurdearring foar de opset fan de jierrekken 2004. De begelieding fan de akkountant is as tige posityf ûnderfûn. It kolleezje moat mei faasje oan de slach mei de troch de akkountant oandroegen ferbetterpunten. Der is in soarch- like situaasje om it grûnbedriuw. De 20 hektare yn Grou Noard soe men neffens it kolleezje Pagina 3 04. Ferslach 13-06-2005/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 4