neat mei kinne. PB en ried wol der mear dúdlikheid oer krije. De fisy's fan PB en kolleezje rin- ne net lykop. Op koarte termyn moat der tusken ried, kolleezje en PB oerlis komme om hjir mear dúdlikheid oer te krijen. It kolleezje is noch mei de BOBOB yn diskusje oer de ôfboeking fan de 200.000 euro. Men wol dêroer en ek oer de jierrekken 2004 fan de BOBOB ynforme- ard wurde. Men giet dêrfan út dat sokke problemen yn de takomst net mear spylje sille. It boargerjierferslach: it is goed dat it nei de fakânsje ferskine sil. Hoe sit it mei it boargerpanel dat troch boargemaster Dijkstra ynsteld is? Hy wol dan yngean op de wize wêrop't it stik yn de kommisje behannele is. It fait him op dat de trije partijen dy't doedestiids it stik weromlutsen hawwe no net safolle fragen hienen. De kaderstellende rol fan de ried is net in maklike rol. It jier wie bysûnder omdat nije regels op in âld systeem oanpast wurde moasten. De earste belangrike slach is neffens de PvdA-fraksje makke. De stikken wienen op tiid klear en der wie romte om mei akkountant, amtners en wethâlder te oerlizzen. Wat is op it stuit fan de ferklearring fan de akkountant oer de rjochtm- jittichheid de taak fan de ried? Men moat it kolleezje op haadpunten befreegje kinne. Men waard troch GB2000 op in ferkeard spoar set. It boadskip wie dat de jierrekken net doogde en dat de akkountant dat befêstige en dat de behanneling útsteld wurde moast. By fierdere ynformaasje troch de PvdA-fraksje docht bliken dat de akkountant fynt dat de jierrekken wol doocht. Twa partijen beskikke by de behanneling wol oer de fragen fan GB en twa oare par tijen net. De VVD hat útspraken dien dy't de PvdA net snapt. Sokke útspraken binne skealik foar de gemeente. De PvdA snapt ek net dat de FNP it ek net fertrout. It jout mei inoar in fer keard byld nei bûten ta en dêr kin de PvdA net mei út de fuotten. Op de kommisjegearkomste komme alle fragen wer oan de oarder. Fan de 17 fragen kinne 16 fragen goed beäntwurde wurde. len fraach is baseard op in flater yn in tabel. Dan giet de fraksjefoarsitter fan GB ek noch wiidweidich yn de op de jierrekken fan Tusken de Marren. De akkountant leit út dat der neat oan de oarder is. It liket derop dat it kolleezje pest wurdt en dat men it proses frustreare wol en dat is foar de PvdA net akseptabel. Men moat it kolleezje romte jaan en de PvdA wol gjin jild en tiid yn soksoarte spultsjes stekke. Hy hie it net fan GB ferwachte en hie ek fan gu- on oare partijen in oare hâlding ferwachte. De hear Van der Meulen (CDA): It wie in tige lêsber ferslach. Der is ûndúdlikheid oer it diel fan de BOBOB. Men hat begrepen dat it kolleezje dêrmei oan de slach is. Wol men fierder fan it ûnderwiis ôfstean of sil der better presisearre wurde? It kolleezje sil dêroer de ried fan op de hichte stelle moatte. De ynhâld fan it jierferslach is net al te sterk. De tekst moat yn it Frysk beskikber wêze. Dat hoecht net mear foar it ferslach fan 2004. Wat de hear De Vries seit, leit him ek nei oan it hert. Is it opset of domheid? Hy giet net fan it léste út. Wethâlder Van den Berg: De jaarrekening is gepresenteerd volgens de afspraken met de ge meenteraad. Er zijn voor vandaag geen vragen aan het college gesteld. Het jaarverslag is vol gens de nieuwe regeling uitgevoerd. De communicatie over de voorschriften is uitgebreid be sproken met de gemeenteraad. Het is maar net waar men de lat neerlegt. Het college is blij met de goedkeuring van de accountant. Er zitten opdrachten voor het college en de gemeen teraad in. Het jaarverslag is geschreven op een thema. Dit jaar is het geschreven op het the ma Grou en Akkrum. Volgend jaar zal de productenraming het stuk van het college zijn en in het jaarverslag zullen alle programma's neergelegd worden. Wethâlder Bouma: Wol op de fraach oer de ynhier fan tredden yngean. De kosten dêrfoar binne ferlege en net omheechgien. De akkountant hat de opdracht krige om nochris goed de ferhâlding mei it ûnderwiis te besjen. Men hat it derby wol oer 5 jier. It is net sa dat der oer 2004 safolle ôfskreaun is, it is it resultaat fan 5 jier. De hear Bouma (VVD): It wurdt yn 2004 ôfboekt. Dan hie it kolleezje de ried der earder fan op de hichte stelle moatten. Pagina 4 04. Ferslach 13-06-2005/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 5