kountant oerlis oer de kaders hawwe en faaks ta in feroardering komme? De ried hat gjin yn- floed op it tema fan it jierferslach hân. De FNP fynt it wat flau dat wannear't it om it Frysk giet, dat it jild derby helle wurdt. Der is fêststeld dat 25% fan de riedsstikken yn it Frysk sk- reaun wurde soe en dat it jierferslach ek twatalich útjûn wurde soe. De ried moat oer dit punt beslute foardat de jierrekken fêststeld wurdt. De hear De Vries (PvdA): Hy hat miend dat it goed wie om de saak skerp te stellen. De PvdA- fraksje wol ek net op dy manier mei it Frysk omgean sa't no gien is. Men moat lykwols prag- matysk wêze en de PvdA-fraksje soe foar 2005 wol de ferplichting foar in twatalich ferslach opnimme wolle. De hear Janse (FNP): Ut de jierrekken fan 2004 hat bliken dien dat it jild dat foar 2004 foar Frysk ornearre wie, net iens opmakke is. De hear De Vries (PvdA): It stipet miskien syn wurden. De hear Van der Meulen (CDA): Men moat mei in positive grûnhâlding it petear mei de BO- BOB yngean. It CDA fielt foar in twatalich ferslach yn 2005. It kolleezje hie yn de gearkomste- de fragen beäntwurdzje kinnen, dat jout in better byld nei bûten ta. Men hat lykwols alle ge legenheid hân om fan tefoaren ek fragen te stellen. Men hat neffens him in trajekt mei de ak kountant ôfpraat oer de fierdere foarm fan de begrutting. De hear Bouma (VVD): De VVD hat net mei opsetsin in spultsje spylje. Men fynt it teloarstel- lend dat de eardere opmerkingen fan de akkountant net allegearre neikommen binne. Men hie as VVD de 17 fragen ek net. De hear De Vries (PvdA): Dat fernuvert him. Hoe kin de hear Bouma dan yn de gearkomste sizze dat it net doocht? De hear Bouma (VVD): Men hie seis trije fragen en men hearde doe dat GB 17 fragen hie. De hear Galama hat by de gearkomste yn it Riedhûs de finger op in tal seare plakken lein en de VVD soe der wol mear fan witte wolle. De akkountant kin formeel mei de jierrekken ynstim- me. Men wol lykwols as VVD serieus mei ditsoarte saken omgean. De hear Van der Meulen (CDA): Wat is de beoardieling fan de VVD fan de jierrekken? Is dy neffens de noarm? De hear Bouma (VVD): De jierrekken is formeel yn oarder. Der hawwe saken spile by Tusken de Marren dy't faaks achterôf oars moasten. De hear Van der Meulen (CDA): It wie neffens de akkountant korrekt om it sa wer te jaan en los dêrfan spile der noch de saak fan it eigendom fan in stikje grûn. De hear Bouma (VVD): De akkountant hat it goedkard, mar wol mei in tal krityske kantteke ningen en dy wol de VVD tsjin it Ijocht hâlde. Men hat no heard dat de ôfboeking fan de BO- BOB oer 5 jier giet. De hear De Vries (PvdA): Yn de oanrin nei de jierrekken hat it net laat ta in tal ekstra fragen. Doe kaam in partij mei fragen en kaam de VVD ta de útspraak oer de jierrekken dat dy net doogde. No komt de VVD wer mei saken dêr't de akkountant fan seit dat it neffens de regels bart. Hy begrypt net wêr't de VVD hinne wol. Pagina 6 04. Ferslach 13-06-2005/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 7