Wethâlder Jonkers: Oer de moasje fan de FNP: De tasizzing is der dat it jierferslach oar jier twatalich is en dat it boargerjierferslach dit jier ek twatalich is. De moasje is neffens him dêr- mei oerstallich. De hear Bijlsma (FNP): De FNP wol dat de ried in beslút oer de moasje nimt. De foarsitter: Wol earst it foarstel yn stimming bringe en dêrnei de moasje. De hear Janse (FNP): Hy hat in pear moanne in moasje ynstjinne en doe koe de moasje wol nei foaren helle wurde. De foarsitter: Dat soe dan yn it presidium bepraat wurde moatte. Stelt it jierferslach foar yns- timming oan de oarder. De hear Janse (FNP): Hy kin net mei it jierferslach ynstimme omdat it net yn it Frysk steld is. De foarsitter: Mei dizze oantekening wurdt der neffens it foarstel besletten. Stelt dêrnei de moasje fan de FNP oan de oarder. De hear Bijlsma (FNP): Lést de wiziging fan de moasje foar: 'Draacht it kolleezje op om it boargerjierferslach en it jierferslach mei yngong fan 2005 stan- dert ek yn it Frysk út te bringen.' De foarsitter: De moasje wurdt mei algemiene stimmen oannommen. Underbrekt de gearkom- ste foar in koart skoft. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. 7. Foarstel oangeande de Maaitiidsnota 2005 De foarsitter: It foarstel bestiet út trije punten. De fraksjes krije 10 minuten sprektiid en it kol leezje 25 minuten. De hear Bouma (VVD): De gemeente hat in protte ambysjes. Is it projekt Wetterfront wol rea- listysk? De minsken hawwe faak fragen wat men dêrmei opsjit. Net elke feroaring is in ferbet- tering. Foar dat jild gjin men gâns oare dingen dwaan. Der is ek in protte wjerstân tsjin dielen fan it plan. It Griene Krúsgebou ôfbrekke foar in appartemintegebou? Moat it wol op dy skaal en yn dy foarm? Soe de rekreant wol op nije foarsjenningen ôfkomme? De VVD tinkt fan net. As it karakteristike fan Grou ferdwynt dan bliuwe de rekreanten wei. Men kin better de âlde farwegen goed yn stân hâlde en tagonklik hâlde en meitsje foar de rekreanten. Rekreatyf ge- brûk moat wol mooglik wêze. Men moat by it streekplan goed op syn qui vive wêze moatte. By it plan foar de klassike skippehaven yn Terherne: men hie it leaver op in oar plak sjoen. De ried is troch it kolleezje op de ferkearde foet set. De grûn wurdt dêr hast weijûn. It hat de VVD fernuvere dat it by it Fryske Marreprojekt ûnderbrocht is. Der soenen wol oare lytsere projekten by ûnderbrocht wurde kinne. In knyppunt is de brêge oer de Meinesleat. In oan- nimmer hie dêr in kreative oplossing foar. It kolleezje hat net goed hannele by de rûnwei yn Akkrum. De oankeap by Akkrum East kostet de gemeente in protte jild. De nijbou fan de sko- allen yn Grou en Akkrum wurdt keppele. De transparânsje hâldt by sokke projekten net oer. Foar guon plannen hat men te min kwaliteit yn hûs. It tsjûget fan in koartsichtige hâlding. Oer de plannen fan it Fryske Marreprojekt soe men noch wolris prate wolle. De golfbaan soe yn april yn de kommisje komme en no docht bliken dat it noch net sa fier is en wurdt de oanfre- ger fierder yn ûndúdlikheid litten. Pagina 8 I 04. Ferslach 13-06-2005/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 9