Pagina 13 De hear Janse (FNP): Hat de hear Van der Meulen begruttingssifers sjoen hat fan it kompleks yn Akkrum en Grou? De hear Van der Meulen (CDA): Nee, mar dêrmei is it noch net in slach yn de loft. De hear Janse (FNP): Der wurdt samar wat tafoege. En dat wurdt net Onderhoud. De hear Van der Meulen (CDA): It kolleezje sil fêst in argumint hawwe wêrom't men it opfierd hat. Mar is men it jild yn 2005 ek nedich? Oer de doarpshuzen yn Tersoal en Aldeboarn: Dat moat dit jier noch yn de kommisje en it CDA tinkt oan dekking út de post Onfersjoen. Vn de kommisje moat der earst fierder oer praat wurde. De alternative begrutting fan GB fernuvert him en benammen de erchtinkenheid fan GB. Men moat mei feiten komme en oars docht men it imago fan de gemeente skea. De hear Bouma (VVD): Hoe kin it CDA seis it minne imago ferbetterje? De hear Van der Meulen (CDA): Troch mei feiten te kommen. De hear Bijlsma (FNP): Wol de hear Van der Meulen oan alle doarpshuzen freegje wat dy ne dich hawwe? De hear Van der Meulen (CDA): Nee, it part dat ôfpraat is moat útfierd wurde en oer it oare part moat men it noch hawwe. De hear Hemminga (GB): Fynt de opmerking fan de hear Van der Meulen ynsinuearjend dat er it imago fan de gemeente skea dwaan soe. GB is hiel tefreden oer de meiwurking fan de ôf- dieling finânsjes, mar syn opmerking giet werom op de weromhâldendheid oer it gemeente- kantoar. De wethâlder hat neat sein oer de koartere ôfskriuwingsterminen en neat oer in sûnere finans- jele posysje. GB wol foar de takomst gjin liken yn de kast hawwe. De 1,9 miljoen wie it út- gongspunt. En foar oanpassingen hie men mei foarsteilen komme moatten. Yn de mearjierre- rûzing stiet foar 2005 241.000 euro foar de post Onfersjoen en foar 2006 303.000 euro. Dêr sit dus noch in stik romte, want it komt net yn de jierrekken foar. GB stiet foar it gemeentekantoar de goedkeapste oplossing foar. De hear De Vries (PvdA): De hear Hemminga fynt dus dat de oanpassingen wol nedich binne mar kin net oer de wize fan wêrop oft it brocht wurdt. De hear Hemminga (GB): Men giet út fan de goedkeapste oplossing (1,9 miljoen). BCN giet út fan in ideaal plaatsje. Dy hat net útsocht wat it goedkeapste is. De hear De Vries (PvdA): Wêrom dan net in foarstel mei sifers fan GB? De hear Hemminga (GB): It ideaalplaatsje fan it kolleezje is te djoer. Dêr is net rekken hélden mei it útgongspunt. De hear De Vries (PvdA): Twifelt de hear Hemminga oan nut en needsaak fan de foarsteilen fan de nij- en ferbou of oan de finansjele Onderbouwing? De hear Hemminga (GB): Neamt it foarbyld fan de argyfkelder. It is net in twingjende eask neffens him. Foarich jier stie der 8 ton foar skouplichtige sleatten en no wurdt dat op it bag- 04 Ferslach 08-11-2005/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 16