Pagina 3 plannen, herstrukturearring, nije wurkgelegenheid skeppe, fytspaden oanlizze, it gemeentehûs ferbouwe, ensfh. It jout oan dat Boarnsterhim in aktive gemeente is. De ambysjes binne grut. Dat bringt ek risiko's mei him mei. De kwestje om it gemeentehûs hat wol wat argewaasje oproppen. No is der al 500.000 euro tekoart. Kin de organisaasje al de projekten wol oan? De PvdA wol gjin nije flaters. It rapport fan BCN hat de PvdA-fraksje wol fertrouwen jûn. It kin tsjin in merkkonfoarme priis fuortset wurde of noch leger. Der binne ek flaters makke. Miskien is de ried te maklik oer sa- ken hinne stapt. Guon dingen pakke yn de praktyk hiel oars út. De gemeente moat bouwe neffens de gebrûklike regels. Senario 1 is in feit. It is net ferstannich om senario 2 en 3 net út te fieren. As men bygelyks de klimaatbehearsking net oppakt dan hat men der letter spyt fan. De PvdA wol fêsthâlde oan de senario's 1, 2 en 3. It hie lykwols skerper earder nei foaren komme moatten. It Fryske Marreprojekt: moat men alles wol wolle? Moat alle lucht dy't yn de begrutting sit brûkt wurde? Der moatte safolle mooglik projekten útfierd wurde, mar der sil earst goed oer elk projekt yn kommisje en ried praat wurde moatte. De goede, finansjele Onderbouwing moat der wol wêze en men moat sjen nei de belangen fan en de tafoege wearde foar de eigen yn- wenners. Men moat net te lichfeardich oer de finansjele risiko's tinke. Kin it gemeentlik apparaat yn kombinaasje mei de reorganisaasje al dy projekten wol oan? Dê- roer bestiet by de PvdA in stik soarch. Alle neamde saken moatte wol yn beweging bliuwe. Yn 2006 moatte tal saken ek konkreet realiseard wurde. De kommende jierren wat mear om- tinken foar de útfiering en wat minder foar planfoarming. De kompliminten foar it fuortsetten fan de 222 kontinginten. Men mei grutsk wêze op de warberens dy't it programma útstrielet. Der binne noch in tal oare saken lykas it doarpshûs yn Tersoal. Dêr moat wat barre. It giet om de leefberheid fan in lyts doarp. Dan earst mar dekke út Onfersjoen 2006. De WMO jout de mooglikheid om it besteande fangnet oerein te hélden. De gemeente moat mei faasje yn 2006 dêrmei oan de slach. De leefberheid yn de doarpen is tige wichtich foar de PvdA. Underwiis, sport en foarsjennings spylje dêrby in belangrike rol. De PvdA komt ek mei konkrete plannen yn 2006 oer fytspaden. Yn de doarpsfernijing nije styl kin ek yn 2006 in slach makke wurde. It grûnbedriuw en de grûnkommisje hat de oandacht fan de PvdA. Dat sil better moatte. De kaders binne noch net dúdlik genôch. De bedriuweterreinen moatte tagonkliker wurde en rekreaasje en toerisme moatte stimuleard wurde. Fierder is it stypjen fan frijwilligers en bestjoeren fan belang en dêr soe mear oan dien wurde moatte. Kin men de minsken mei finansjele problemen net earder opfange? Dat bygelyks yn gearwur- king mei de wenningboukorporaasjes. Men kin der net betiid genôch by wêze. De mooglikheid foar gearwurking mei oare gemeenten moat hyltyd ûndersocht wurde. De PvdA-fraksje kin mei de punten fan it riedsfoarstel ynstimme. De hear Hemminga (GB): De doelstelling is betrouber, helder, konsekwint en deskundich te wêzen. Dêr moat op in tal punten noch flink oan wurke wurde. GB hat yn de kommisje in protte fragen steld oer de begrutting, mar dêr hat men hast gjin antwurden op krige. Es- sinsjeel wie foar GB de finansjele posysje fan de gemeente ta oansjen fan de reserves en it wjerstênsfermogen. Foar ambysjes moat wol jild wêze. De risiko's moatte dutsen wurde en de lésten meie nei de takomst trochskood wurde. De nije ried mei net mei liken yn de kast konfronteard wurde. De rjochtsbeskerming en klachtenôfhanneling: it is wichtich om it tal beswierskriften werom te bringen. Men moat hiel helder nei de belutsenen wêze want dat kin in protte beswierskrif ten besparje. Soms binne de middelen der net om saken te realisearen (begraafplaats). De besuniging foar de pont by de Burd wurdt net helle. Wurdt it risiko by de Baai net grutter? 04 Ferslach 08-11-2005/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 6