BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 30 jannewaris 2006. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Foarstel ta it fêststellen fan it "Wetterfront Fisyplan" en it beskikber WWR stellen fan in kredyt. Troch wethâlder Jonkers wurdt de tasizzing dien dat de projektûnderdielen Fisyplan Wetterfront oan de ried foarlein wurde om te beoardielen en om goed te karren. Ek de parkearfasiliteiten yn brede sin komme by de behanneling fan de Sintrum Fisy Grou (ûnderdiel Fryske Marren Projekt) oan de oarder en wurdt ek oan de ried foarlein om te beoardielen en om goed te karren. Mei dezze tasizzing wurdt it op 30 jannewaris 2006 troch de VVD yntsjinne amende- mint mei dizze strekking ynlutsen. Dêrnei wurdt op'e nij stimt oer it op 24 jannewaris 2006 trocht de VVD yntsjinne amendemint dat sa giet: "Beslút yn te stimmen mei it Fisyplan Wetterfrontwêrby beslútfoarming oer de Ge dempte Haven en de âlde wetterloop net de Hellinghaven pas piakfynt neidat de ried be- sluten nommen hat oer de parkearproblematyk yn it sintrum fan Grou en ek de finansjele gefolgen dúdiik binne". Beslút: fersmiten mei 13 stimmen tsjin en 3 stimmen foar. Dêrnei wurdt der stimt oer it op 24 jannewaris 2006 troch de FNP yntsjinne amende mint dat sa giet: "Beslút om net earder wenten oan it plan ta te kennen dan neidat we as Ried yn it ramt fan it wenplan fêststeld ha wêrt de kontingenten út de knipepuntenpot oan takind wurde moatte". Beslút: fersmiten mei 14 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. As léste wurdt sûnder haadlike stimming konform it foarstel besletten. beslutelist ried 3001 2006/ /1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6