BOARNSTERHIM gemeente R I E DSFOARSTEL Riedsgearkomste 14 febrewaris 2006 Agindapunt 12 (A-stik) Kommisjegearkomste 30 jannewaris 2006 Agindapunt 6 Portefúljehâlder wethâlder H.A. Jonkers Behanneljend amtner H.0. Hoekstra telefoan: 0566 - 629212, e-mail: hoekstrah@boarnsterhim.nl Underwerp: Wiziging mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenningsskip Fryslân-West". Foarstel: Stim yn mei de útstelde wiziging fan de mienskiplike regeling (art. 4.2.a en 7.1). Ynlieding: Sûnt lést 2001 is ús gemeente dielnimmer yn de mienskiplike regeling "Wurkfoarsjenninqsskio Fryslân-West". It algemien bestjoer fan de mienskiplike regeling hat no útsteld de tekst fan de regeling op twa punten te wizigjen. De wiziging fan artikel 4.2.a hat ta doel de bepaling oer de yndikaasjestelling foar de minsken, dy 't ta de doelgroep hearre, oan te passen. De wiziging fan artikel 7.1 regelt, dat leden en plak'fer- fangende leden fan it algemien bestjoer sawol út de rieden, as út de kolleezjes fan B&W fan de dielnimmende gemeenten ôfkomstich wêze kinne. Arguminten: Beide wizigings komme fuort út wettelike bepalings en binne dêrtroch formeel fan karakter. a. Sûnt 1 jannewaris 2005 is it CWI ferantwurdelik foar de (wer)yndikaasje fan minsken foar de wurkfoarsjenning. Foarhinne wie de m.r. ferplichte hjirfoar in ûnôfhinklike kommisje yn te stellen. b. Troch de dualisearring wie it formeel net mear mooglik om leden fan it kolleezje oan te wizen as (plf.) AB-lid, om 't sy net langer diel útmeitsje fan de Ried. De wiziging makket dat no wol wer mooglik. It foech ta oanwizen bliuwt by de Ried. Kanttekenings: De mienskiplike regeling is oangean troch de kolleezjes en de rieden fan de dielnimmende ge meente, elts foar wat it eigen foech oanbelanget. Ek oer in wiziging moat beide organen in beslút nimme. It kolleezje hat yn syn gearkomste fan 10 jannewaris 2006 ynstimd mei boppeneamde wiziging. Der is oerlis west mei: Ofd. Belied B&S. Finânsjes: Net fan tapassing 12 riedsfoarstel wiziging mr Fryslân-West/jzhh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 45