Wethâlder Bouma: As de ried it goedkart dari giet it wer nei de provinsje ta. Grou wie oanwiisd as regionaal sintrum en de gemeente wol fêsthâlde oan har eigen útgongspunt. De hear Janse (FNP): Hy hat it allinne oer artikel 4. De rest fynt er prima. Wethâlder Bouma: Sy wol graach witte hoe't de oare fraksjes oer de bestimming fan it Aquaveri- um tinke. Fan de kant fan de ûndernimmers is ek gjin reaksje kommen. Dy fine de Ontwikkeling op dat plak goed. It risiko is al neamd. Der soe in behoarlike planskea út foarkomme kinne. De foarsitter: Op verzoek van GB wordt de vergadering kort geschorst. De foarsitter: Heropent de vergadering. Gaat over tot stemming. Mefrou Troost (GB): Is foar it amendemint. As it yn it amendemint omskreaune net helber is dan hanthavenje. De hear Van der Meulen (CDA): It foarstel is goed sa't it foarleit. Der wurdt rjocht dien oan it ûn- dernimmen yn Grou. De foarsitter: It amendemint wurdt mei 3 stimmen foar fan de leden Bijlsma, Janse en Troost en 13 stimmen tsjin fersmiten. Er wordt conform het voorstel besloten. 7. Foarstel ta it fêststellen fan it "Waterfront visieplan" en it beskikber stellen fan in kredyt. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is net sa entûsjast oer it plan. Wa soe aanst wenje wolle oan de Hellingshaven, dêr't men foar en achter hast gjin hiem hat? Hoe grut is it ferlies fan de Nieuwe Kade BV? En wurdt dit in lyk yn de kast foar it nije kolleezje? Men kin net in moeras oan- lizze tsjin in nije wenwyk oan. GWS koe wol op it plak sitte bliuwe. Wat is no wol en net wier? Kin men op de lokaasje fan no útwreidzje of net? Der is yn Grou in grut ferlet fan parkearplakken en dêrom moat de Gedempte Haven ticht bliuwe. De apparteminten op de lokaasje fan it Griene Krúsgebou kinne net. Der moat fanwegen de feilichheid in lytsere strekdaam komme. De VVD is net oeral op tsjin, in goed kuierpaad by de mar lâns is in goede saak as it dan mar foar elkenien tagonklik is. Earst (yn maaie) wie der 500.000 euro brûkt en no stiet de teller al wer op 244.000 euro. Hoe kin soks? It jild is al oan it Wetterfront bestege en it kolleezje komt wer nei de ried om in kredyt. Sa soe it net moatte. It kolleezje hie datoangeande ien en oar earder ek tasein. De VVD tsjinnet in amendemint yn: "De Raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 24 januari 2006, overwegen de dat: 1 het Wetterfront een flinke aanslag doet op de financiën van de gemeente Boarnsterhim; 2.1 er in Grou te weinig parkeergelegenheid is en dat uitbreiding noodzakelijk is; 2.2 de kosten van het uitgraven van de gedempte haven en de oude waterloop naar de Helling haven en de kosten van het in goede staat houden van de waterpartij niet in verhouding staan tot de meerwaarde in het pian; 2.3 het verdwijnen van de parkeergelegenheid op de gedempte haven de parkeer-prob/emen ver groot; 3.1 in het visieplan een moerasachtig gebied is gepland, het bekend is dat in moerasachtige ge bieden meer muggen zijn en dit gegeven de kans op gezondheidsklachten doet toenemen; 3.2 een moerasachtig gebied niet past in een woonwijk vanwege de negatieve gezondheids effecten; 4.1 de wandelroute langs het waterfront voor een ieder toegankelijk zou moeten zijn; 5.1 het huidige bouwplan op de locatie van het Groene Kruisgebouw geen draagvlak heeft bij de bevolking van Grou omdat men het bouwplan niet passend vindt bij het huidige karakter en de Pagina 4 ferslach 24-01 -2006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6