BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 1 5 febrewaris 2006. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Troch de hear Dam wurdt ynsprutsen oer agindapunt 5, en troch de hear Mar- tens wurdt ynsprutsen oer agindapunt 4. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Troch de FNP is in moasje yntsjinne oangeande it subsydzjefersyk fan de "Stichting Beheer Sportaccomodatie Jirnsum". De moasje wordt as aginda punt 7 oan de aginda tafoege. Op foarstel fan de foarsitter wurdt besletten om agindapunt 5 fan de aginda óf te fieren. Reden is de foarriedige foarsjenning dy't frege is by de rjochter en it ambtlik stânpunt nei oanlieding dêrfan fan SNN oer de óf te jane beskikking. Besletten wurdt om sa gau as mooglik is neidat de rjochter in útspraak dien hat oangeande de foarriedige foarsjenning, it foarstel op de aginda fan de ried te pleatsen. As der oanlieding is in wizige foarstel te dwaan dan sil earst be- hanneling plakfine yn de kommisje WWR. Foar it oare konform fêststeld. 4. Foarstel ta it opstellen fan in foarriedich Ontwerp foar de multifunksjonele sin- WWR tra foar Onderwijs yn Grou en Akkrum. Troch GB 2000 wurdt in amendemint yntsjinne met de strekking om de defi- nysjefaze óf te rûnjen konform it stelde yn de rapportaazje fan Deloitte, de ûntwerpfaze pas te starten neidat alle risiko's yn byld binne en dat beslút- foarming oer de planologyske proseduere plakfynt nei fêststelling fan de hel- berens. Nei tasizzingen fan de portefuljehâlder wurdt dit amendemint ynlutsen. Troch de PvdA wurdt it folgjende amendemint yntsjinne "De útkomsten fan de "second opinion" fan Deloitte folslein opnommen wur- de as in ynspanningsferplichting yn de oerienkomst dy't mei de groep Harden- berg oangien wurdt om te kommen ta it opstellen fan in foarriedich Ontwerp". Dit amendemint wurdt sûnder haadlike stimming oannommen. Ek wurdt besletten om de fierdere ófhanneling fan de frijstelingsproseduere op grûn fan kêst 19 lid 1 WRO net te delegearjen oan de kolleezje. beslutelist 15 febrewaris 2006/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 12