komme. De konstruksje is no foar SNN akseptabel makke omdat der no sprake is fan hier yn stee fan fan keap. Der is wol wer in protte kréativiteit yn de finansieringsopset stoppe. De fraach is oft de hierpriis wol merkkonfoarm is. Nergens leit in stik foar Onderbouwing fan de taksaasje; de hierpriis is ek net al te rimen mei de ynvestearing sa 't dy der leit De konstruksje fan ferhier is tsjinstridich mei it belied fan de gemeente foar kampings en jachthavens, dat we meielkoar óf- praat ha. Hjir wurdt dus gjin útfiering jûn oan troch de ried fêststeld belied. De merkkonfoarmiteit is ek in heikel punt. Nei realisearing fan it projekt mei Europeesk jild wurdt troch Brussel, efterôf, checkt en kontroleard op merkkonfoarmiteit. By in soarchynstelling yn ús gemeente hat dat laad ta gedieltelike weromfoardering en dêrby gie it noch mar om lytse bedraggen. Dat is hjir wol oars. De gemeente bliuwt, yn de konstruksje sa 't dy no foar leit, eigner fan in wetterbak dy't omringd wurdt troch eigendommen fan in private partij. Dat jout de private partij in enorme Ont- wikkelingswearde, dêr't de gemeente net fan profiteart. Dat is net in handige opset. As de priva te partij oer 10 jier net mear wol, ôfsjocht fan de keap fan de haven, sit de gemeente mei in pro bleem. De gemeente jout syn frijheid fan Onderhanneljen sa út hannen. Gemeentebelangen bliuwt dan ek fan miening dat dizze finansieringskonstruksje gekeunsteld is. It risiko mei tsjinstridigheid fan de Europeeske regeljouwing foar steatsstipe foar in ûndernimming, bliuwt by de gemeente. Seker moat sjoen wurde nei de taksaasjerapporten, mar dy binne der net. Neist allerhande oare beswieren fan omwenjenden, mar dat hat al genôch oan 'e oarder west. Al betiid is yn de ried fêststeld en troch alle partijen stipe, dat de gemeente gjin inkelde finansiering yn it projekt stekke soe. Troch de kavels ûnder de wearde fan de beskikking te stellen, hêldt it kolleezje har net oan de ôfspraak. It is in yndirekte finansiering. Op 15 febrewaris is it foarstel fan de aginda helle en we ha krekt in taljochting jûn. Wy fine dat de ried hjir no wol in beslút oer nimme kin, omdat it puer in finansieringsfoarstel is. It is wat in frjemde gong fan saken dat earst ôfwachte wurde soe wat SNN seit en dat dy dan toch komt mei in beskikking. Tinkt dat it goed is dat der hjoed oer praten wurdt. It sil dúdlik wêze dat GB2000 tsjin dit finansieringsfoarstel is. Mefrou Verkerk (VVD): Seit dat it no giet oer de finansiering. De finansiering fan in projekt, dêr't wy net foar binne. Wy, as riedslid en as fraksje, ha yn in dilemma sitten. Wy fine dit in hiel moai plan; dat stiet foarop, mar net op dit plak. Te grutskalich en de tagongswei is neffens ús te nau en jout te folie problemen. De finansiering, de grûn nei dy opwurdearing, fine wy noch hieltyd fierstente goedkeap. De gemeente hat jild nedich en op dizze wize barre wy dus in bytsje, én der is net folie draachflak yn it doarp. Oan 'e oare kant, it doarp hat in nije ekonomyske ympuls ne dich. Dat is wol dúdlik. De lobby fan Pleatslik Belang en de Undernimmersferiening is grut. Dy lobby seit ek dat der in lytse minderheid tsjin en de mearderheid foar dizze haven is. Hat dêrom de telefoan pakt en in stekproef hélden yn Terherne. Hat willekeurich 25 minsken opbelle, want se woe dat no seis wol ris witte. No, 15 minsken wiene tsjin, 8 minsken wiene foar en 2 wiene neutraal. Freget har dus óf wêr't Pleatslik Belang en de ûndernimmers fan Terherne it weihelje dat in mearderheid fan de minsken fan Terherne foar binne; koe dus net in Onderbouwing fine. De VVD-fraksje is net echt oertsjûge en bliuwt tsjin de haven op dit plak en sil dus ek gjin kredyt beskikber stelle. Rjochtet in fersyk nei de ûndernimmer. Terherne hat it wol nedich; is der echt gjin oar plak yn it doarp, tsjin de doarpskom oan, dêr 't dizze haven komme kin? De hear Van der Meulen (CDA) Seit dat wy it jûn ha oer de finansieringsopset foar it realisearen fan it projekt Terherne Haven. It prinsipebeslút is al nommen. It giet no om de ófwikkeling fan de finênsjes. Utgongspunt is dat de gemeente hjir gjin jild yn hoecht te stekken, mar dat koe net hel le wurde. Mar de opset sa 't dy hjir no leit is sa dat it ús gjin jild kostet. En dat is foar it CDA tige wichtich. Sûnder ekstra kosten fan de gemeente kinne wy hjir in goede toeristyske foarsjenning, seizoensferlinging, foar Terherne realiseare. En dêr binne wy tige wiis mei. It is troch de ûnder- nimmers neamd, it is troch Pleatslik Belang neamd, troch oare oanwêzigen neamd: Terherne kin dizze ympuls wol brûke. Mar dat net allinne. Troch realisearring fan de haven kin de wentebou ek earder plakfine en dêr binne we ek wiis mei. Side 8 03 ferslach 14-03-2006/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 10