ienkomst doe sa ûndúdlik? Omdat nei de ried ta lykje moast dat de gemeente net diel naam en nei de SNN ta dat de gemeente wol diel naam. De hear Hemminga (GB2000): Hat net safolle ta te foegjen, ek mei it each op it antwurd fan de wethâlder. Ik haw net heard hoefier't it yn oerienstimming is mei it privatisearingsbelied fan de gemeente, sa't dy it yn de praktyk brocht hat mei it ôfstjitten fan Tusken de Marren en sa. Hjir stelt de gemeente har ynienen wer op as ferhierder fan in rekreaasjekompleks en ik tink dat dit stridich is mei it belied dat wy meielkoar fêststeld ha. De wethâlder hat it ek oer eventuele claims en wat dan ek mar, mar it is altyd sa dat de inisjatyfnimmer wit dat it altyd is "behoudens goed keuring van de raad" yn de finansiering sa't it foarstel hjir no leit. De hear De Vries (PvdA): Hie ferwachte dat de hear Hemminga yngean soe op de fraach fan him. De hear Hemminga (GB2000): Fynt dat de fraach fan De Vries hjir net oan de oarder is. Dan krije jo in hiel oare diskusje. Wy ha it hjir no oer de ynhâld fan it foarstel finansiering fan de Klassieke Schepenhaven. De hear Van der Meulen (CDA): Wol noch efkes yngean op it beswier fan de FNP. De gemeente nimt diel yn it projekt. Ja, dan kin net oars. Wolle jo it projekt realiseare, dan moat de gemeente dielnimme. Is it in beswier? It soe in beswier wêze kinne as de gemeente in finansjeel risiko rint. Yn ús beleving is dat net sa. It is goed ôfdutsen op de oerienkomsten dy't der lizze. En dêrmei kinne jo sûnder finansjeel risiko foar in netto bydrage fan de gemeente, kinne jo Terherne toeris- tysk-rekreatyf foarút helpe. En dat is foar ús enorm belangryk. Dêrom doare wy dit ek oan en binne wy hiel wiis mei dit partikulier inisjatyf. En wy litte echt in gigantyske kâns rinne as wy dit net dogge. De hear Jonkers hat oanjûn wat hjirmei ekstra realiseart wurde kin; dat binne dy wen- ten, wenten oan 't wetter en neam mar op. Dat binne ek allegearre foardielen dy't je meiwage lit te moatte yn jo oardiel oer dizze konstruksje. Us einoardiel is dat it in goede konstruksje is foar Terherne en in goede konstruksje foar Boarnsterhim. Mefrou Verkerk (VVD): Sa't wy earder sein ha, ha wy wol problemen mei it kredytfoarstel omdat wy dochs fan miening binne, nettsjinsteande it feit dat de wethâlder seit dat de grûnpriis noch leger leit as de taksaasjepriis. It is wat de ûndernimmer derfoar betellet. Ik fyn it in hiel frjemd ferhaal. Elkenien dy't logysk neitinke kin, kin begripe dat in bedrach fan €15.00, no in bedrach fan 27.00, dat dat in hiel lege priis is. Wa wit wêrom? No kinne der subsydzjes komme, it bes- timmingsplan feroaret en dêrmei wurdt automatysk de priis ek opwurdeard. En dat is dochs in saak dêr't de gemeente it foartou yn nimt. Elk dy't in bytsje logysk neitinkt fynt dit in frjemde pri is. De hear De Vries (PvdA): De wethâlder begûn oer it byld fan Boarnsterhim by belangrike ynstâns- jes dy't de kommende fjouwer jier noch in hiel belangrike rol spylje sille yn dizze gemeente. Yn al le programma's fan politike partijen hat de klam lein op útfiering, útfiering fan projekten. Net al- linne oer prate, net allinne sizze dat jo it wolle, mar se ek echt realiseare. Dat soene we allegearre sjen litte, dat wolle we allegearre sjen litte. No ha wy meielkoar besluten dat der yn Terherne in kâns leit, dat der in goed plan leit en de mearderheid fan de ried seit dat wolle wy der ek graach delsette. Dit is yn prinsipe de léste gearkomste fan dizze ried. Dizze ried draacht aanst it stokje oer oan de nije ried. Dy nije ried sil de hiele realisaasje fan alle projekten dy't wy op priemmen setten ha, meimeitsje moatte. Makket dizze ried it no mooglik foar de nije ried, by de ferhâldingen binnen dy nije ried, om dit ek werklik ta in goed ein te bringen of soarget dizze âlde ried foar in opstakel nei de nije ried ta? Wy soene dat net suver fine. No sizze de deskundigen dus akkoart, dan hawwe wy it oer de finansjele konstruksje dêr't it jûn om giet. Wy hawwe it oer de risiko's dy't de gemeente rint. Risiko's binne der net, dêr hawwe wy yn ferskillende sesjes yn de kommisje en yn de ried wiidweidich meielkoar oer diskusjeard. Side 13 03 ferslach 14-03-2006/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 15