Side 14 En ek op alle punten ha deskundigen op dat gebiet der wiidweidich nei sjoen en binne ek wy mei- elkoar/allegearre ta de konklúzje kaam dat it doocht. En dan it wenningplan, dêr't alle partijen fan roppe "belangryk foar Terherne", dat wolle wy dêr realiseare, sosjale wentebou, in integrale Ontwikkeling. Dat plan soe wol ris net trochgean kinne as dit plan yn dizze ried net posityf oerdroegen wurdt oan de nije ried. De hear Bijlsma (FNP): Is de hear De Vries it net mei my iens dat dizze ried, miskien wol mear as in jier lyn, konstatearre dat sawol it wenningbouplan as de realisaasje fan de haven twa ferskil- lende trajekten binne en yn wêzen neat my elkoar te krijen ha? De hear De Vries (PvdA): Is it net iens mei de hear Bijlsma. De hear Bijlsma (FNP): Lit ik it skerper stelle. It ien hat neat mei it oare te krijen. It is moai dat it gelyk oprint mar it binne twa ferskillende trajekten. De hear De Vries (PvdA): Seit dat it in yntegrale Ontwikkeling is en werhellet dan wat de wethêl- der sein hat op de fraach, om it fersyk, de risiko's yn it gehiel yn byld te bringen. Mocht dit net troch gean dan hat de wethâlder dúdlik west oer de wenningen. Al is it mar dat wy in hiel soad wearde hechtsje oan de wenningen, njonken it plan dat der leit om noch mar te swijen oer hoe wy no meielkoar mei Ondernimmers en Ondernimmingen yn dizze gemeente omgean. En dêrfan fyn ik dat dat echt net mear kin. Want de "soap" (dat stie ek yn de kranten) is noch net ôfrûn. It jout gjin pas om no hjir jûn Gemeentebelangen om in reaksje te freegjen oer de utspraken dy't sy dien ha yn de Mid Frieslander. Ik ha gjin nocht mear dizze útspraken te werheljen. Elkenien hat it léze kinnen en elkenien hat der wat fan fine mocht. Wy hawwe meielkoar in sinjaal jaan wollen. Jonges, dit is net de manier wêrop't wy, op dizze wize yn dizze gemeente polityk bedriuwe wol- Ie. Dit is net in goed polityk bestjoerlik klimaat wêryn't wy yn positive sin en yn goede gearwur- king meielkoar ta in goed beslútfoarmingsproses komme. Ek min foar de útstrieling fan dizze ge meente. Kinne wy dat no net op in oare manier dwaan? Kinne wy no net it polityk-bestjoerlik kli maat meielkoar feroarje? Fjouwer partijen hawwe it sinjaal jûn, dy hawwe sein: it is ús mienens. Ik begryp net dat de PvdA jûn de iennige is dy't dêr efkes wat oer seit en der wat fan fynt. Der steane fjouwer hantekeningen Onder dy brief en it is de léste fergadering fan dizze ried. Hemmin- ga, dêrom freegje ik jo dat. Jo sizze net no, net hjir, dan bin ik wol benijd wêr dan en wannear. It giet my om dizze ried. Dizze ried docht aanst it boekje ticht. Hawwe fan alles meielkoar meimak ke en yn't hytst fan de striid is der ek fan alles tsjin elkoar sein en oer elkoar sein. En dan mei ek wol want dat heart der ek by. It mei best spannend en pittich wêze, dêr ha wy gjin muoite mei. Wy ha der ek gjin muoite mei dat wy it meielkoar Oniens binne. Mar wy ha der wol muoite mei dat guon minsken beskeadige wurde, dat de yntregiteit fan minsken yn twifel lutsen wurde. En dat léste is gebeurd en dat wie absolút net nedich west. Dat fyn ik noch steeds net nedich en it soe wol goed wêze om op dit plak dêr't in hiel soad publyk oanwêzich is en ek dêr't parse en Boarnsterstim oanwêzich binne, echt te sizzen wat jo dêrfan fine. Ik hoopje dat wy meielkoar yn wiisheid in beslút nimme kinne oer de haven. Us stânpunten dêroer binne helder. Ik hoopje op- rjocht, mei alle byhearende risiko's, mar ek mei alle kânsen en útdagingen dy't der lizze foar Ter herne, dat dizze ried seit: nije ried, wy drage dit oan jim oer en yn alle wiisheid pak it op, meitsje der in goed en stevich plan fan. Wethalder Jonkers: Mij bekruipt toch het gevoel, als ik zo de betogen aanhoor, willen we het wel of willen we het niet. We kunnen daar honderdduizend argumenten bij bedenken, maar het is gewoon een kwestie van willen we het wel of willen we het niet. De FNP komt nu met een in gewikkeld betoog maar ik herinner ze even aan hun eigen uitspraken uit het verleden, een paar jaar geleden. Toen was uw belangrijkste argument dat u de Klassieke Schepenhaven te groot schalig vond, want het vorige, college had gezegd van 1 ha en het werd 12000 vierkante meter; er kwam 2000 vierkante meter bij. Dat was toen het belangrijkste argument van de FNP. Daar 03 ferslach 14-03-2006/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 16