Uitslag stemming over dit voorstel: 8 stemmen vóór en ook 8 stemmen tegen. Voor gestemd hebben de leden Dekker, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen, Minkes, Roorda, Soeten en De Vries en tegen gestemd hebben de leden Bijlsma, Boringa, Bouma, Hemminga, Janse, Van der Sluis, Troost en Verkerk. Dat betekent dat de stemmen staken en dat betekent ook, en dat weet u, dat dit agendapunt verschoven wordt naar de reguliere volgende vergadering van 21 maart. De hear Hemminga (GB2000): It wie lichtlik foarspelber dat troch de ófwêzichheid fan ien riedslid de stimmen stake soene. Dêrfoar ha wy in fersyk yntsjinne om gebrûk te meitsjen fan artikel 17 lid 2 fan de gemeentewet. It fersyk is ûndertekene troch in fyfde part fan de gemeenteried. Yn de brief wurdt fersocht in ekstra riedsgearkomste te belizzen foar 16 maart 2006 De trije partijen fi ne dat de beslútfoariming hjiroer noch yn de âlde ried plakfine moat; omdat dit in ferantwurdlik- heid is foar de âlde ried. De voorzitter zegt het voorstel te hebben gezien. GB2000 heeft dit voorstel gedaan en getekend ook namens VVD en FNP; dat betekent dat meer dan 1/5 deel van de raadsleden dit voorstel doet. De hear De Vries (FNP): Fynt dit hiel fier gean. Der is blykber ien noch mei fakânsje of ik wit net wêrom't ien fan de fraksjeleden fan GB2000 der net is. Dat komt elke fraksje wol ris oer. Mar wat we no dogge is op in hiel forsearre en gekeunstelde, eins ûnbehoarlike manier, oer it grêf fan dizze ried hinne regeare nei de nije ried ta. It moat omdat we meiinoar witte dat de ferhâldingen ferskood binne, mar it sil en moat noch gau efkes regele wurde. En it giet ek hielendal net mear, en dêr hat de wethâlder gelyk oan, oer dizze finansieringskonstruksje, mar men wol it gewoan net. No hat men noch ien kâns om dat te realisearen, om dat te dwaan foar woansdei-te-nacht 12 oere. Sjogge jim it al foar jim? We ha moam allegearre iepen fraksjefergaderingen; dat is 1 op 1 oankondige. Ik nim oan dat in tal fan ús moarn oan 't wurk moat en dan moatte we hjir wer ef kes opdrave foar de soap fan de Terherne Haven om noch gau efkes meiinoar it foarstel te torpe- dearen. Fynt it net dogen, net korrekt en it fait him ek óf. De trije fraksjes FNP, GB2000 en VVD besykje troch dit slûchslimme plan it finansieringsfoarstel te kearen fan in projekt dêr't wy al oer besluten ha en fynt it net kinnen. De hear Van der Meulen (CDA): Kin him fine yn de wurden dy't de hear De Vries brûkt. It is wol hiel bysûnder om op fiif minuten foar tolven noch in ekstra ried by inoar te roppen op in jûn dat je ôfskied nimme. De gefoelens, in bytsje oer in grêf regeare, komme ek by him op en it spyt him tige dat de ried op dizze manier ôfskied nimme moat. Mefrou Minkes (PvdA): Seit dat jo by inoar komme om arguminten út te wikseljen en om mei ar guminten inoar te oertsjoegjen. En wat docht no bliken, dat jimme justerjûn blykber al wisten hoe't dit ôfrinne soe. En dan fiel ik my echt, mei de seal mei, freeslik te pakken nommen. Fiel it as in oanfal op myn yntegriteit en fyn it djip tryst. De hear Janse (FNP): Seit dat der sein is dat der gjin mooglikheid west hat om arguminten út te wikseljen en dat it al fêst stie. Mar wêr stie it fest? Mefrou Minkes (PvdA): Der is in brief skreaun troch trije fraksjes, wêryn't blykber al fêststeld is: as je no links om of rjochtsom prate kinne, de útslach wurdt 8-8 yn 'e ried. Sa binne wy dizze ried net yn gongen. De hear Bouma (VVD): Reageart op de hear De Vries: Ik fyn dat jim ek de hân yn eigen boezem stekke moatte. Wy ha ek al ris in ried meimakke wêryn't jim ien stim tekoart kamen; dat der skorst waard en der ien optrommele waard fan in ferjierdei wei. Dat is jim goed rjocht, mar dan 03 ferslach 14-03-2006/absh/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 18