ried om wat te dwaan foar de mienskip. Persoanlik hoopje ik dat ús gemeente fêsthâldt oan in sosjaal belied; foedselbanken ens. fyn ik djip tryst. Seit alle riedsleden, it kolleezje en de amtners allegearre tige tank foar de noflike gearwurking en winsket harren it allerbêste nei de takomst ta. De hear Bijlsma seit dat er acht jier diel útmeitsje mocht fan it iepenbier bestjoer fan de gemeente Boarnsterhim. Mei de klam op iepenbier. Yn de earste fjouwer jier wiene de hichtepunten foar de FNP de nijbou fan de skoallen, mei as klap op de fjoerpylk de nijbou fan de OSG. Djiptepunt, it earste jier al, de diskusje oer de Steande Mêstrûte, dy't der ta resultearre dat Ate Oosterhof en ik der in moanne útlein ha. De léste fjouwer jier yn de opposysje. Hichtepunt: wie de diskusje oer Akkrum op koers Wat wy wol hiel spitich fûnen de leste fjouwer jier dat we konstateare moasten dat it Frysk, sa- wol mdnling as skriftlik efterút rûn. Acht jier gemeentepolityk, acht jier riedsgearkomsten, acht jier km stikken léze, acht jier diskus- searje en oerlizze, en dan de léste fjouwer jier yn it ramt fan it dualisme, hawwe we konstatearje moatten dat der mear stikken as ea binne. Dat der mear gearkomsten en oerlis yn wurkgroepen, riedsgearkomsten, ens. binne en dat wy dêrtroch alle war dwaan moatte om tiid frij te meitsen of te hélden foar it kontakt mei ús ynwenners, want dér wie it úteinlik foar bedoeld. It muoit my tige dat ik ôfskied nimme moat, want ik wie graach yn de nije ried kaam. Moarn sil ik ynstallearre wurde yn 'e Steaten, bliuw dus wol aktyf yn 'e polityk, mar wat mear op of stén. Be- tanket elkenien foar de gearwurking en bedoelt dêrmei it kolleezje, it amtlik apparaat, de ried en de minsken dy't ús altyd betsjinne ha mei kofje, tee, koekjes en oare lekkere dingen. Nimt symboalysk éfskied troch de kaai fan de geheime kast te oer te langjen oan de foarsitter fan de ried. De hear Janse seit dat er net de ambysje hie om yn 'e ried te gean, want yn 'e ried stean je op de foargrûn en hy fielt him better thús op de eftergrûn. Yn 1998 siet de FNP net sa rom yn de kandidaten en hy beléne op it fjirde plak. Mar healwei de rit, doe't Van der Baan (om sûnens) derút moast, wie it bingo. Ynstek wie doe: besykje mei der foar te soargjen dat der rêst komt yn 't bestjoerlik Boarnsterhim; it wie doe hektysk. Oftredende en wer oantredende wethalders, it AZC: it wie dreech. Ik fûn de ried faaks dreech en spannend, mar hie it efterôf net misse wollen. Sprekt respekt út foar it amtlik apparaat; dy minsken hawwe it dreech hén mei ús ried, want we wiene wol ris wat wispeituerich. De krityk wie net terjochte. Betanket de amtners foar it fer- soargjen fan de stikken, de amtners dy 't ús yn steat steld ha om ús wurk te dwaan. Elkenien betanke foar de gearwurking en de stipe, kolleezje, riedsleden, griffier, siktaris, notulis ten en de boargemaster. Boargemaster tank foar de moaie wurden; jo hiene gelyk. Ik dûk faak djip yn de stikken, want ik wol graach witte hoe it sit. En foaral as jo net sa mûlryp binne, dan moatte jo it fan de eftergrûn ha om wat beslein op it iis te kommen. Nimt mei in goed gefoel éfskied, sjoen de ferkiezingsút- slach; kin dizze perioade no éfslute. Minsken allegearre tank. De burgemeester geeft aan dat het nu tijd wordt om het glas te heffen en nodigt allen uit om in de hal nog even met elkaar na te praten. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 11 april 2006 de foarsitter, M. Frensel P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 35 minsken. Side 23 03 ferslach 14-03-2006/absh/23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 25